Ljouwerter Bas rint staazje yn Japan: "Ik ben een bezienswaardigheid"
Bas van Dijk (22) hie altyd al in soad niget oan de Japanske skiednis en kultuer, en yn syn stúdzje Boukunde oan NHL Stenden yn Ljouwert groeide de ynteresse foar de Japanske arsjitektuer.
Syn staazje by in ynternasjonaal ferneamd Japansk arsjitekteburo is foar Bas dan ek in dream dy't útkomt.
Top fan de wrâld
Fiif moannen stapt de twa meter lange blonde Ljouwerter no al om yn Sapporo, dêr't hy wurket by Jun Igarashi Architects. Bas is fol lof oer de Japanske arsjitektuer.
"Ze behoren tot de top van de wereld. Ze hebben net als Nederland heel weinig bebouwbare oppervlakte, dus ze moeten veel doen met weinig ruimte."
"Japanners zijn specialist geworden in het op hele creatieve wijze omgaan met ruimtes en weinig oppervlakte en budget efficiënt toe te passen."
Yn syn staazjetiid wurket Bas oan in projekt om in âlde 'onsen', in iepenbier badhûs, op te knappen en dêr in ûntwerp foar te meitsjen. Yn dy perioade fernimt hy goed wat de Japanske wurkmentaliteit is.
Deawurkje
"We beginnen negen uur 's ochtends en gaan soms door tot diep in de nacht. In de ergste gevallen maakte ik werkweken van 120 uren, maar meestal zijn het nog weken van 60 tot 80 uren."
Ze leven voor hun vakgebied. Maar je letterlijk doodwerken, is hier een wel vaker voorkomende doodsoorzaak.
Bas hat kollega's dy't noch mear wurkje, mar sjocht harren ek wolris ûnder wurktiid yn sliep fallen. "Ze leven echt voor hun vakgebied. Maar je letterlijk doodwerken, is hier een wel vaker voorkomende doodsoorzaak."
"Het is niet echt een gezonde werkatmosfeer. Maar Japanners geloven dat die atmosfeer de reden is dat ze zo goed presteren", fertelt Bas.
De Ljouwerter studint leart ek in hiel protte. "Hoe je je budget focust op de essentiële punten om een interessant concept neer te zetten en zo weinig mogelijk te verspillen."
"En hoe ze omgaan met ruimtes. Niet alleen een ruimte maken met muren. Je kunt ook met vloerverschillen, gordijnen, verlaagde plafonds of looproutes plekken scheiden, waardoor het toch heel open blijft. Als een grote doos met toch gevoelsmatig kleine ruimtes daarbinnen."
Attraksje
Bas is mei syn lingte, ljochte hier en blauwe eagen in wiere attraksje yn Japan. Hy stekt dan ek mei kop en skouders boppe de measte Japanners út.
"Ik werd laatst al gevraagd voor de hoofdrol in een reclame voor een hotel omdat ik er zo buitenlands uitzie. Ik ben hier wel een bezienswaardigheid", laket Bas.
De studint fynt it moai dat der yn Japan in soad wurdearring is foar tradysje en fakmanskip. Hy kocht dêrom koartlyn sels tradisjonele Japanske timmermansklean.
Bas draacht it swarte pak ek as hy bûten it bedriuw op strjitte is. Dat fine de Japanners prachtich en kinne se bot wurdearje.
Omreizgje
De perioade by it arsjitekteburo sit der hast op. It spyt Bas wol, hy hat genoaten fan de útdaagjende staazje fan fiif moannen. Mar omdat hy yn dy tiid net in soad oars as wurkjen en sliepen dien hat, sil hy noch in goede moanne omreizgje.
"Ik ga eerst nog een week door Hokkaido reizen, het bovenste eiland waar ik nu zit. En daarna nog door Honshu, het onderste eiland. En dan vliegen we terug naar Nederland!"
Definityf yn Japan libje hoecht foar Bas net, mar hy soe noch wolris werom wolle om dêr in pear jier te wurkjen.
Bisto in Fries yn it bûtenlân? Of kensto ien?
Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Leaver de belibbenissen ferteld troch de Friezen om utens sels hearre? Harkje dan tiisdeitemiddeis om sawat 15:10 oere nei it radioprogramma Goeiemiddei. Harren ferhalen kinst op de sneins dêrnei neilêze op de webside en de app fan Omrop Fryslân.