Fan Menaam nei Skotlân: Hedwig mist it reedriden, mar swimt no yn Skotsk iepen wetter
Hedwig Ponjee fan Menaam is oan it trainen foar de 10 kilometer iepenwetterswimmen. Geregeld giet se yn Skotlân, dêr't se sûnt jierren wennet, it wetter yn.
Efteryn de 30 is de âld-Menamer. Sûnt 2011 wennet se yn Edinburgh. Se wurket oan de Universiteit fan Edinburgh, op de fakulteit genêskunde en diergenêskunde.
Hedwig wennet no dus hast fjirtjin jier yn Skotlân. Se is dêr kaam mei in Nederlânske freon dy't yn Edinburgh studearre, mar bleau nei't de ferkearing útgie.
Edinburgh
Har wenplak Edinburgh is in stêd mei ferskate gesichten. Yn it foarste plak is it in toeristestêd, mei de Royal Mile en it kastiel as grutte attraksjes. Mar der is ek in oar Edinburgh, dêr't grutte tsjinstellingen tusken earm en ryk te sjen binne. Saken dy't toeristen faak net sjogge. Dêrneist is it ek in echte studintestêd.
Sis tsjin minsken út Skotlân foaral net dat se út Ingelân komme, warskôget Hedwig. "Dat fielt in bytsje itselde as tsjin Friezen sizze dat se út Hollân komme."
Hoe is it om yn Skotlân te wenjen? In pear jier lyn stimde Skotlân yn in referindum tsjin ûnôfhinklikens. Net folle letter kaam it Brexit-referindum oer it lidmaatskip fan it Feriene Keninkryk oan de EU. No't se út Europa stapt binne, tinke in protte Skotten oars oer de ûnôfhinklikensfraach.
De Brexit hie ek gefolgen foar de universiteiten yn Skotlân, wit Hedwig troch har wurk. Se falle no bûten de Europeeske gearwurkingsferbannen fan wittenskip en ûnderwiis.
Der binne ek in protte positive saken te neamen. Nim no de rûge, ûnoantaaste natuer. Dat mist se yn Nederlân, dêr't hast alles yn kultuer brocht is. Yn it tichtbefolke lânskip is noch mar in bytsje wyldernis oer.
Yn Skotlân is dat oars: dêr fynst mear rûge natuer, yn de Highlands en ek oan de kust.
Yn ferliking mei Nederlân is hjir mear natuer dêr't de minsken net mei de fingers oan sitten hawwe.
"De natuer hjir lokket my bot oan. Foaral yn ferliking mei Nederlân is hjir mear natuer dêr't de minsken net mei de fingers oan sitten hawwe."
"Ik wol net beweare dat alles puer is, want dat is net sa. Mar hast hjir krekt wat mear echt rûge natuer. Dêrmei doel ik dan foaral op de kustgebieten, de heuvels en de bosken."
Wyldkampearje
Se hâldt derfan om deropút te gean, op aventoer. Omdat se gjin auto hat, reizget se mei de trein of op 'e fyts.
Yn Skotlân is wyldkampearje tastien yn de natuer, en dat docht Hedwig geregeld. Der binne folle minder stekken en grinzen as yn Nederlân.
Hedwig: "Yn de wet is fêstlein datst op in protte plakken frij tagong hast. Op it lân likegoed as op it wetter. Dus meist dêr gewoan komme."
"Foaral dat wetter is foar my belangryk, want ik bin oan it trainen foar in swimevenemint yn iepen wetter." Se wol meidwaan oan de 10 kilometer. "Yn de swimwrâld wurdt dy ôfstân beskôge as in maraton."
Frijheid
"Mar op it lân is it ek moai, want it wyldkampearjen jout my de frijheid om bûtendoar op aventoer te gean."
"Sa no en dan gean ik de heuvels yn. Tafallich haw ik ferline wike in fytstocht fan trije dagen dien. Se hawwe hjir in nasjonale fytsrûte. Mar ferwachtsje gjin moaie fytspaden. It binne foaral fan dy lytse boeredykjes."
"Op de twadde dei fan myn tocht kaam ik op in striemin dykje. It gie by de heuvel del, mar it fielde as wie ik hurd oan it wurk, sa min wie dy dyk."
Njonken sûkerbôle en reedriden mist Hedwig yn Skotlân in goede fytsynfrastruktuer: deugdlike fytspaden en rekken hâlde mei fytsers.
Echt feilich fytse is der net by
Se fytst in soad en fernimt dat yn Skotlân folle minder goed omgien wurdt mei fytsers as yn fytslân Nederlân. Feilich fan A nei B fytse is in útdaging. "Fielst dy as fytser in soarte fan Untermensch. Echt feilich is it net."
Bisto in Fries yn it bûtenlân? Of kensto ien?
Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Leaver de belibbenissen ferteld troch de Friezen om utens sels hearre? Harkje dan tiisdeitemiddeis om sawat 15:10 oere nei it radioprogramma Goeiemiddei op Omrop Fryslân. Harren ferhalen kinst op de sneins dêrnei neilêze op de webside en de app fan Omrop Fryslân.