Paulien har dream komt út yn Ierlân: "Een prachtig oud, sfeervol pandje"
Nederlânske berneboeken yn Ingelske oersetting. Dy besiket Paulien Schreuder te sliten yn Polly's Bookshop yn Ierlân. Njonken fansels ek Ingelsktalige boeken. Har winkeltsje is no twa moannen iepen.
In eigen boekwinkel wie de grutte dream fan de 65-jierrige Paulien Schreuder, âld-direkteur fan de Biblioteken Noard-Fryslân. Troch har pensjoen koe se dy dream wier wurde litte. Yn Ierlân dus.
Oare namme yn Ierlân
Paulien wurdt yn Ierlân Polly neamd. Se komt oarspronklik út Limboarch.
Har wurk brocht har nei Noard-Nederlân dêr't se jierren yn Dronryp wenne. Tsien jier lang wurke se by de biblioteken fan Noard-Fryslân. De lêste seis jier as direkteur.
Ut ûnwennigens werom
Se is no mei pensjoen en wennet wer yn Ierlân, dêr't se fan 1997 oant 2008 ek wenne hat. Ut ûnwennigens giene sy en har partner yn septimber ferline jier werom nei de Ierske súdkust.
It doarke Adrigole waard harren nije wenplak. It hat 450 ynwenners en leit 105 kilometer westsúdwestlik fan de stêd Cork. Yn de tiid foar de grutte hongersneed, mids 18e iuw, soe it plak tûzenen ynwenners hân hawwe.
Earst efkes neat. Dat wie Paulien har doel nei de ferhuzing.
Oant it momint dat se yn it fiskersplakje Castletown, 10 kilometer fan har wenplak, in moai winkeltsjes seach. Middenyn it doarp, flakby in kafee en njonken in drogist.
"Een prachtig oud, sfeervol pandje", fertelt Polly. "Beter kun je niet zitten."
Begjin desimber seach se dat it winkeltsje frijkommen wie. Se gie der fuortendaliks achteroan en koe it hiere. Doe moast se alles noch regelje: fan de ynrjochting oant de boeke-ynkeap. Fjouwer moannen letter, op 2 april, gie se iepen.
Se tocht dat se it wol rêstich oan dwaan koe yn har boekwinkel. Mar sels in boek lêze, ho mar. Dat hat se net oan tiid:
"Het is leuk dat mijn droom uitgekomen is. Dat het bovendien ook nog goed loopt, is helemaal een verrassing. Ik dacht: dan zit ik daar, en af en toe komt er een klant binnen. Maar ik zit eigenlijk nooit, want er komen best veel klanten."
Se ferkeapet twaddehânsk en nije boeken. De twaddehânsk kolleksje hat se troch de jierren hinne opboud mei help fan freonen en famylje.
De klam leit op boeken oer Ierlân en oer de Ierske skiednis.
Lampje
Se ferkeapet ek Ingelske oersettings fan benammen Nederlânske berneboeken, lykas Lampje fan Annet Schaap.
"Het lijkt hier wel een bibliotheek, alleen brengen ze de boeken niet terug. Ze kopen ze", laket Paulien.
Wat makket Ierlân sa bysûnder foar Paulien? It is hiel oars as yn Nederlân. Alderearst de natuer dy't foar in part noch ûnoantaast is.
Ferskuorrend moai
Se wenje oan de kust. "Als ik daar 's avonds of 's ochtends met de hond wandel, voel ik me bevoorrecht dat ik daar mag wonen, omdat het er zo verschrikkelijk mooi is."
"We wonen in the outback, helemaal aan de westkust. Iedereen daar heeft eindeloos veel tijd voor een praatje. Het tempo ligt er veel en veel lager en dat is prettig."
It klimaat is goed, de natuer prachtich, mar Paulien is benammen gek fan de minsken dêr. "De Ieren binne freonlik en gesellich."
"Ze hebben humor en relativeringsvermogen, ondanks dat ze in het verleden veel leed hebben meegemaakt. Denk maar aan de hongersnood door de mislukte aardappeloogst."
Ieren tille der minder swier oan
"Absoluut zijn die er", fynt Paulien as se nei de ferskillen tusken Ieren en Friezen sjocht. "Nederlanders, en ook Friezen, zijn wat serieuzer dan Ieren."
"Dus de Ieren zijn wat minder serieus. Dat kun je ook zien of ze minder zwaar aan het leven tillen. En dat is misschien dan wel net de charme van het leven in Ierland", neffens Paulien.
Harren eigen lytse taal
Der binne ek oerienkomsten tusken Friezen en Ieren. "Ze hebben allebei hun eigen kleine taal. In Ierland het Iers en in Fryslân het Fries. Het belang van taalbevordering is ook vergelijkbaar."
En as lêste jout Paulien ús noch in lêstip: de Ierske skriuwster Claire Keegan.
Bisto in Fries yn it bûtenlân? Of kensto ien?
Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Leaver de belibbenissen ferteld troch de Friezen om utens sels hearre? Harkje dan tiisdeitemiddeis om sawat 15.10 oere nei it radioprogramma Goeiemiddei. Harren ferhalen kinst op de sneins dêrnei neilêze op de webside en de app fan Omrop Fryslân.