Meindert út Kollum hat al jierren in camping yn Sweden: "Wy geane net gau werom"
Eartiids fiske er mei syn heit op de Lauwersmar. No hat Meindert Hamstra (55) fan Kollum in fiskcamping yn Sweden foar angelders. En foar toeristen.
Simmerdeis is camping Hedesunda in toeristecamping. In soad Nederlanners fiere fakânsje op de camping yn it wetterrike en boskrike gebiet.
Hy wurdt nammentlik lanlik oanpriizge troch de ANWB. Meardere kearen krige Meindert syn fakânsjeplak de titel 'ANWB-camping fan it jier yn it bûtenlân'.
Yn 2019 waarden se noch útroppen ta grienste camping yn in ANWB-ferkiezing. Dit jier wiene se wer nominearre, mar no bleau it by in nominaasje.
De camping is neamd nei it plak Hedesunda dat flakby leit. Hy leit op in lang eilân yn in fiskryk wetter, dat bytiden sa breed is dat it wol in mar liket.
As de toeristen fuort binne, is it tiid foar de fiskers, fertelt Meindert.
"Yn it foarjier en it neijier komme in protte kampearders om it angeljen. Ik bin opgroeid mei it angeljen. Ik wie altyd mei ús heit op 'e Lauwersmar oan 't fiskjen. En dat is der altyd wol in bytsje yn bleaun."
Der wurdt benammen snoek, snoekbears en bears fongen. Yn it hurd streamende diel fierderop kinst ek salm en forel fange.
It plak Hedesunda leit sawat 140 km benoarden Stockholm yn it wat tichterbefolke diel fan Sweden. Meindert-en-dy wenje net fier fan de bewenne wrâld ôf. Mar der is wol in soad natuer om harren hinne. En dat is ek wat se sa moai fine.
Meindert is de baas fan de camping mei syn frou Renata. Sûnt koart sit dochter Sunny-Day der ek by yn. Se woene har net twinge.
"We seine: 'Doch earst mar wêr'tst sin oan hast. Doe hat se allegearre oare dingen besocht. Mar se miste de camping. En no sit se der by ús yn."
Sunny-Day wie noch mar fiif jier doe't de húshâlding nei Sweden ferhuze. Soan Sydney wie njoggen moanne âld. Nei tweintich jier prate de bern no Sweedsk mei-inoar, mar ek wol Frysk.
Fersweedskt
Binne se dan net fersweedskt? Ja, jout Meindert ta. "Dy sjogge we net sa gau weromgean. Net dat wysels weromgean, mar de bern al hielendal net. De jongste - de soan - is echt in Sweed."
"Yn 2005 binne we hjirhinne gien en fuortynienen mei de camping begûn. Ik hie dêrfoar in jier yn Kanada sitten. Werom yn Nederlân kaam ik myn frou tsjin", fertelt Meindert.
"We tochten deroer om miskien nei Kanada te ferhúzjen. Mar myn frou fûn it wat te fier en doe hawwe we it earst mar efkes gewurde litten."
Letter die bliken dat Skandinavië in goed alternatyf wie en sa binne se yn Sweden bedarre.
Midsimmer
It hat krekt de langste dei west. Op 21 juny begjint it 23.30 oere hinne wat te skimerjen, en it wurdt wer ljocht om 2 oere nachts, fertelt Meindert.
De Sweden fiere dat. Midsommar is echt in famyljedei. Mei krysttiid en peaske heart dizze dei ta de wichtichste Sweedske feestdagen.
It midsimmerfeest wurdt benammen op it plattelân fierd. Sweden dy't gjin simmerhúske hawwe of hiere kinne, gean fuort mei de caravan, de camper of de tinte.
Dan fiere se Midsommar op de camping, faak mei famylje en freonen. Se sitte oan lange tafels en ite in tradisjoneel miel. Fierders dûnsje se om in peal hinne.
De grutte drokte op de camping is no foarby. De twadde wike fan july begjint it echt drok te wurden.
Wat it geheim fan harren camping is? Hy is 5,2 bunder grut en leit yn in moaie omjouwing. Simmerdeis hawwe se in soad jonge minsken út Nederlân yn tsjinst. Se ite mei-inoar en minsken tinke wolris dat se in hiel grutte húshâlding hawwe.
Meindert makket it noch wat konkreter: "It geheim is, tink ik, it persoanlike, wat we mei de gasten hawwe. En ek hoe't it terrein derút sjocht. Net alle caravans op in rychje. Allegearre in bytsje oars. Romme plakken."
Se binne bliid mei de rêst en romte yn Sweden, Meindert en syn frou hoege net werom. Miskien yn de takomst as se âld binne, mar no noch lang net.
En de bern tale der ek net nei. "Nee, hear. We fine it moai as we yn Fryslân binne, mar ús hert leit hjir yn Sweden."
Bisto in Fries yn it bûtenlân? Of kensto ien?
Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Leaver de belibbenissen ferteld troch de Friezen om utens sels hearre? Harkje dan tiisdeitemiddeis om sawat 15:10 oere nei it radioprogramma Goeiemiddei. Harren ferhalen kinst op de sneins dêrnei neilêze op de webside en de app fan Omrop Fryslân.