Vivaldi en syn fioele brochten Tim de Vries (24) fan Aldebiltsyl nei Wenen
Tim de Vries (24) fan Aldebiltsyl libbet foar syn fioele. Hy studearret oan de prestizjeuze universiteit foar muzyk en poadiumkeunsten yn Wenen en spilet earste fioele yn it Motus Kwartet.
Hy is de soan fan de Fryske skriuwer Abe de Vries en wenne oant syn fiifde mei syn âlden en bruorke yn Zaandam.
Nei de skieding gie heit Abe werom nei Fryslân, nei Aldebiltsyl. Om it wykein kamen de bern del op It Bilt.
Lytse fakânsjes op It Bilt
Dy wykeinen wiene foar Tim in soarte fan lytse fakânsjes. Lekker rêstich, sa bûten de Rânestêd, en folle griener. Hy naam altyd syn fioele mei.
'It talint fan Fryslân'. Sa waard er neamd, fertelt er.
Nee, muzyk is foar him gjin hobby.
It is in passy.
Doe't er noch op skoalle siet, gie syn wekker moarns al om healwei seizen en oefene er foar skoaltiid. Syn middelbere skoalle yn de Rânestêd hie konneksjes mei it konservatoarium yn Amsterdam, dat hy koe in soad spylje.
Wenen
Yn 2018 ferhuze er nei Wenen om fioele te studearjen oan 'e Universität für Musik und darstellende Kunst (MDW).
Yn Wenen sitst yn it sintrum fan de muzyk. In soad grutte komponisten, lykas Beethoven en Mozart, hawwe dêr wenne.
Ik ben deels opgegroeid in Oudebildtzijl en ik was ook vaak in Wijnaldum vanwege mijn opa.
Machtich moai, fynt Tim it dêr. It is krekt as libbest yn 'e 18de iuw, sa'n sfear hat de stêd.
Hiel wat oars as Fryslân.
"Ik ben deels opgegroeid in Oudebildtzijl en ik was ook vaak in Wijnaldum vanwege mijn opa. Wenen is een enorme stad. Zelfs vergeleken met Amsterdam is het een stuk groter. Gelukkig is het hier niet al te duur. De huurprijzen zijn best wel in orde."
Syn leafde foar fioelemuzyk begûn al betiid, op syn sechsde.
Wauw, wat een mooie klank. Dat wil ik ook gaan doen.
"Het was zomervakantie en ik was met mijn ouders in de auto onderweg naar Italië. Zij luisterden altijd naar klassieke muziek. Op een gegeven moment hadden we iets van Vivaldi op staan, met een mooie vioolsolo."
"Toen dacht ik: wauw, wat een mooie klank. Dat wil ik ook gaan doen."
Werom yn Nederlân waard er ynskreaun by de muzykskoalle. Hy koe fuortendaliks komme, bûten de wachtlisten om.
Begjinnende fioelisten spylje faak skrasserich, mar by him gie it ferrassend goed.
As puber wist er al dat er nei it bûtenlân woe. Op syn 17de gie it oan: allinnich nei Wenen. "Dat was wel spannend", laket Tim.
Solofioelist wurde wie syn doel. Hy hie sels kontakt opnaam mei de wrâldferneamde fioelepedagooch Boris Kuschnir yn Wenen en him foarspile.
Doe't er it nijs krige dat er komme mocht om lessen by him te folgjen, wie Tim út 'e skroeven.
Mei sa'n muzykoplieding kinst trije dingen dwaan: solo, yn in orkest of yn in ensemble foar keamermuzyk.
Dat lêste is it wurden. Tim sit by it priiswinnende Motus Kwartet.
Yn de trije jier fan harren bestean binne se populêr wurden. Sa wûnen se earder dit jier de tsiende edysje fan it ynternasjonale Joseph Joachim-konkoers foar keamermuzyk oan it Franz Listz-konservatoarium yn 'e Dútske stêd Weimar.
Sjoch hjir nei de útfiering (Tim de Vries links):
Sûnt 2023 spilet it kwartet rûnom yn de wrâld.
Ferline jier stiene se yn it Concertgebouw yn Amsterdam en ek yn Ljouwert, dêr't se yn de iepenbiere biblioteek foar in útferkochte seal komposysjes foar it fuotljocht brochten.
Op it program stie ûnder oare wurk fan de Fryske komponist Paulus Folkertsma.
Yn it Motus Kwartet is Tim de primarius. Hy spilet de earste fioele.
Soks jout ferantwurdlikheid, leit er út. Hy hat de dreechste 'stim' om te spyljen. De measte noaten en de measte melodyen.
Fierders bepaalt hy de rjochting kwa spul dat se spylje sille.
Is it bysûnder, datst soks al op dyn 24ste kinst? Tim soe sizze fan wol.
"Vooral omdat kamermuziek een bepaalde soort van rijpheid verlangt. Het is best wel ingewikkelde muziek om te begrijpen."
"In een orkest kun je ook spelen als je jong bent, als tiener. Dan bevind je je in een grotere groep."
"Als je lid van een goed strijkkwartet wilt zijn, moet je toch wel volwassen zijn."
It kwartet is sa stadichoan in folsleine baan wurden. As se net fuort binne te spyljen, oefenje se seis of sân oeren deis.
Itneidiel dêrfan is, dat Tim syn stúdzje noch net ôf hat. Hy hat it gewoan te drok.
Bisto in Fries yn it bûtenlân? Of kensto ien?
Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Leaver de belibbenissen ferteld troch de Friezen om utens sels hearre? Harkje dan tiisdeitemiddeis om sawat 15.10 oere nei it radioprogramma Goeiemiddei.
Harren ferhalen kinst op de sneins dêrnei neilêze op de webside en de app fan Omrop Fryslân.
Ein july geane Tim-en-dy wer op toernee. It folgjende konkoers sit der ek alwer oan te kommen. Yn septimber dogge se mei oan in ynternasjonaal konkoers foar keamermuzyk yn it Noarske Trondheim.
Fierder jouwe se in soad konserten oer de hiele wrâld. Se wiene al yn Noard-Amearika, yn in soad Europeeske lannen, yn Yndia, Taiwan, en spilen sels yn Afrika.
Lykas sein, hy hat it der mar drok mei en de stúdzje komt faak 'op pauze' te stean. Mar gelokkich wurket de universiteit mei. Dat syn bachelor sil er wol helje, seit Tim. Al kin it noch wol efkes duorje.
Hjir is Tim yn 2012, tegearre mei Simone Lamsma, yn it telefyzjeprogramma 'Jong Talent in muziek':