Mear oerlis oer feilich farre op it Waad, mar hanthavening kin noch better
Der wurdt better oerlein oer feilich farren op de Waadsee, dat fynt de Onderzoeksraad voor Veiligheid. De ûndersikers hoopje noch wol op bettere hanthavening fan de snelheid.
Nei de oanfarring op 21 oktober 2022 tusken de snelboat Tiger en de wettertaksy Stormloper yn it Schuitengat, begûn de Onderzoeksraad út te sykjen hoe't dat barre koe. By it ûngelok kamen trije minsken om it libben, de 12-jierrige Riemer út Seisbierrum wurdt noch hieltyd fermist.
"Dit moet nooit meer moet gaan gebeuren natuurlijk", fynt ek Erica Bakkum fan de Onderzoeksraad. Dy begûn in ûndersyk nei hoe't it misgean koe.
"Ga met elkaar om de tafel zitten en dat jullie met elkaar in gesprek komen over het vaargedrag", sa leit Bakkum ien fan de oanbefellings út. Dêr moast ûnder oare praat wurde oer de kommunikaasje op see.
Sa'n struktuer foar oerlis is der yntusken. "Daar zijn we echt heel blij mee. Die is ook al twee keer bij elkaar gekomen."
Yn it oerlis sitte ek organisaasjes dy't net by it ûngelok belutsen wiene, mar wol oer de Waadsee farre. "Ze maken ook echt werkbare afspraken", fynt Bakkum.
De Onderzoeksraad advisearre ek al twa kear om dúdlikere regels foar wettertaksys yn te fieren. Ek dêr sit skot yn de saak: "de nieuwe gedefinieerde categorie van watertaxi gaat tot stand komen", fertelt Bakkum.
Noch in wichtige oanbefelling wie om better te hanthavenjen op snelheidsoertredingen. "We hebben gezegd: maak inzichtelijk welke gegevens die er nu zijn, zoals AIS of radar, hoe je die kan gebruiken bij snelheidsovertredingen", fertelt Bakkum.
Dy binne wol ynsichtlik, seit Bakkum. "Maar wij zouden eigenlijk nog heel graag een stapje verder willen zien."
"Dat er ook zodanig gepraktiseerd wordt dat het gebruikt kan gaan worden. Dat die middelen ook in wet- en regelgeving terecht gaat komen."
"Er zitten beperkingen aan, maar wij vragen om in mogelijkheden te denken", hopet Bakkum. "Zodat er wel gehandhaafd kan worden. Dat kan nu alleen op heterdaad."
Twa jier lien
Moandei is it presys twa jier lyn dat it ûngelok plakhie. Ferline jier wie der op dy dei op Skylge in lytsskalige besletten betinking, mar dy is der dit jier net. Neffens de gemeente Skylge wolle de famyljes leaver privee betinke.
De gemeente leit wol in krâns by it Zeeliedenmonument oan de haven op West-Skylge, mar dêr wurdt fierder net by stil stien. Rederij Doeksen hinget op alle skippen en by alle gebouwen de flagge healstôk.