Wettertaksys farre nachts te hurd: skimergebiet fan regeljouwing op it Waad

Wettertaksy
In wettertaksy by Skylge © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Wettertaksys farre nachts geregeld hurder as de maksimumsnelheid. Dat docht bliken út ûndersyk fan Omrop Fryslân.
Neffens de wet hoege wettertaksys op it Waad harren oerdeis net oan in maksimumsnelheid te hâlden. Yn it tsjuster meie se net hurder farre as 20 km/oere, mar dêr giene in tal boaten ferskate kearen oerhinne.
Fan septimber oant en mei desimber ferline jier ha 7 wettertaksys dy't op de Waadsee nei de Fryske eilannen farre yn elts gefal 155 kear te hurd fearn.
Dat docht bliken út gegevens fan MarineTraffic dy't Omrop Fryslân analysearre hat. Dêrmei wurdt der gemiddeld sjoen alle dagen te hurd fearn.
Nei oanlieding fan it fatale ûngelok tusken wettertaksy Stormloper en snelboat Tiger yn 2022 hat Omrop Fryslân ûndersyk dien nei de farbewegingen fan wettertaksys. De útkomsten fan dat ûndersyk wurde de kommende dagen yn in trijelûk beljochte.
Hjoed diel 1 oer it hurdfarren en de wetjouwing. Moandei folget diel 2 oer it belang fan de wettertakys foar de leefberens fan eilannen, tiisdei diel 3 mei reaksjes en kommentaren út de polityk.
MarineTraffic folget skippen en docht maritime analyzen. Fia harren webside binne de posysjes en snelheden fan skippen oer de hiele wrâld te sjen. Binnen dit ûndersyk is yn totaal sjoen nei njoggen wettertaksys: fan twa dêrfan wie lykwols gjin data beskikber.
waadsee
De Waadsee by nacht © Flickr, Jan Ubels (cc)
Peter van Suijlekom is âld-ferkearslieder op de Brandaris. Hy befêstiget it byld dat sketst wurdt mei it ûndersyk, mar sjocht dit net as in probleem.
Neffens him is it hurder farren fan alle tiden. "Het werd min of meer gedoogd. We konden er als Brandaris wel iets van zeggen, maar wij konden daar niks mee doen. Er werd gewoon 's nachts te hard gevaren met watertaxi's." Dat gong neffens Van Suijlekom altyd goed.
Yn in skriftlike reaksje seit Rykswettersteat: "Overtreding van de maximum snelheid wordt niet gedoogd." Neffens Rykswettersteat is der "niet voor niets een maximum snelheid. Overtreding van de maximum snelheid kan voor gevaarlijke situaties zorgen."
Ald-ferkearslieder Peter van Suijlekom
Ald-ferkearslieder Peter van Suijlekom © Omrop Fryslân
De wettertaksybedriuwen binne om in reaksje frege nei oanlieding fan it hurder farren as 20 kilometer de oere. De bedriuwen jouwe oan dat yn alle 155 gefallen der in goeie reden wie om hurder te farren.
Rederij Noordgat fart mei wettertaksys fan en nei Skylge en Flylân. Sy jouwe oan dat de kearen dat sy te hurd fearen nedich wiene foar bygelyks pasjinteferfier of maritime helpferliening op it Waad.

Byld fan 'snel varende idioten'

Jelle Bos, eigener fan Bos Marine Services BV fan Lauwerseach, jout oan dat sy noait hurdfarre sûnder tastimming. De fjoertoer of de Kustwacht wurde dêr altyd fan op de hichte brocht.
"Wij varen niet 's nachts met mensen die een concert gemist hebben of naar de kroeg geweest zijn. Wij maken deel uit van de leefbaarheid en de veiligheid van de eilanden. En natuurlijk de bergingen."
ANP
In skip fan Bos yn aksje nei de containerramp © ANP
"Wij zijn degene die voor Rijkswaterstaat olie opruimen op de Waddenzee, koelkasten uit het water hijsen en schepen uit de branding trekken."
Bos wol graach in byld út de wrâld helpe. "Door de pers, maar ook de burgers en ook de onderlaag van de overheid, worden we soms gezien als snel varende idioten die jachtjes proberen los te trekken en hard varend de Waddenzee overgaan."

Fergunning

Veltman Marine Service fan It Amelân besleat goed in jier lyn om net mear mei wettertaksys yn de nacht fan en nei It Amelân te farren, om't it gjin fergunning krije koe foar it hurdfarren yn it tjuster.
De kearen dat sy de ôfrûne tiid boppe de 20km/oere fearn ha, wiene krekt foar sinne-opkomst en krekt nei sinneûndergong.

Wannear mei in wettertaksy wol hurdfarre yn de nacht?

Omrop Fryslân hat besocht fia provinsje Fryslân, plysje en Rykswettersteat yn kaart te bringen wannear't en hoe faak wettertaksys ynset wurde by needgefallen.
It docht bliken dat wettertaksys gjin ûntheffing ha foar hurdfarren, mar yn gefal fan in rêdingsoperaasje wol ôfwike meie fan de wetlike bepalingen. In betingst is dan wol dat in persoan of de feiligens fan de skipfaart yn gefaar wêze moat.
Op de webside fan MarineTraffic
Op de webside fan MarineTraffic © ANP
Rykswettersteat moat tafersjoch hâlde op dit soarte fan útsûnderingsgefallen, mar kin net oanjaan hoe faak dit bart op de Waadsee. Der wurde gjin sifers fan byhâlden. Dêrom kin net befêstige wurde dat alle 155 eksessen legitym west ha.

Wichtich foar leefberens

De fraach is: hoe slim is it dat de wettertaksys te hurd farre? Dêr binne de mieningen oer ferdield.
Neffens Van Suijlekom is de bemanning fan in wettertaksy profesjoneel en hawwe se deselde apparatuer as de feartsjinst, dy't wol hurdfarre mei yn it tsjuster.
Ek is it farren yn de nacht wichtich foar de leefberens fan de eilannen. Van Suijlekom: "Als er een gezinslid met de helikopter wordt afgevoerd, dan is het voor de andere gezinsleden belangrijk dat ze ook naar het ziekenhuis kunnen. In die gevallen ga je altijd met een watertaxi."
Peter van Suijlekom en de Brandaris
Peter van Suijlekom en de Brandaris © Omrop Fryslân
Rob Leemans, foarsitter fan Vereniging Wadvaarders, is net tsjin hurdfarren fan helptsjinsten, mar wol net dat oare skippen te hurd farre op it Waad, ek yn it ljocht. Net allinne de natuer hat der lêst fan, minsken kinne der ek troch yn gefaar komme.
"De hoge golven hebben meerdere keren geleid tot ongevallen en chaotische situatie aan boord van kleine schepen. Er zijn mensen van zitbanken gevallen en zelfs overboord gegaan."

Wetjouwing moat dúdliker

Alle partijen binne it oer ien saak folslein iens: de wetjouwing foar wettertaksys moat skerper. Net allinnich steane de útsûnderingsgefallen foar hurdfarren net dúdlik genôch omskreaun, ek it tafersjoch op it te hurd farren en it hanthavenjen fan de farregels moat better.
De data fan dit ûndersyk komme fan MarineTraffic. Dizze webside krijt data fia AIS (Automatisch Identificatie Systeem). Sûnt 2014 is it gebrûk fan AIS ferplichte foar elts skip op de Nederlânske binnenwetters langer as 20 meter.
Wettertaksys binne lykwols altyd koarter as 20 meter en dêrom binne se net ferplichte om AIS oan board te hawwen of it apparaat oan te setten as se farre. Dat beheint de data dy't Omrop Fryslân analysearre. Allinnich it te hurd farren wylst de AIS oanstie, is fêstlein. It kin dêrom wêze dat der noch faker te hurd fearn is as 155 kear.
De hanthavening leit yn hannen fan Rykswettersteat en de plysje. Om't skippers op de died betrape wurde moatte, wurde der hast gjin misstannen fêststeld, jout Rykswettersteat ta.
Skylge
Skylge by nacht © Omroep Zilt, Lennard Geerts
De Onderzoeksraad voor Veiligheid hat Rykswettersteat en de minister fan Ynfrastruktuer en Wettersteat advisearre om út te sykjen yn hoefier't AIS-data, dy't ek brûkt binne foar it ûndersyk fan Omrop Fryslân, brûkt wurde kin om te hanthavenjen op snelheid en fargedrach.
De minister hat yn it kommisjedebat Maritiem op 8 febrewaris oanjûn dat der petearen binne tusken Rykswettersteat, wettertaksys en feiligensregio's om ta in eksakte ynterpretaasje te kommen fan de útsûnderssituaasjes wêryn's nachts wol hurder fart wurde mei.