Ministearje en Rykswettersteat: bettere hanthavening farregels hat ús prioriteit

De wettertaksy Stormloper nei it ûngelok
De wettertaksy Stormloper nei it ûngelok © Douwe Wiegman jr.
It Ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat giet oan de slach mei de oanbefellings út it ûndersyksrapport oer it ûngelok op de Waadsee ferline jier. Dat stelt it ministearje yn in skriftlike reaksje.
It ûndersyksrapport dat fan 'e moarn publisearre waard stelt dat better fargedrach en heldere wet- en regeljouwing foar mear feilichheid op de Waadsee soargje kin.
De Onderzoeksraad voor de Veiligheid (OVV) hat ûndersyk dien nei de situaasje op It Waad, nei oanlieding fan it ûngelok tusken de snelboat Tiger en wettertaksy De Stormloper. Fjouwer minsken kamen by dat ûngelok om it libben. It lichem fan ien fan harren, de 12-jierrige Riemer út Seisbierrum, is noch altyd net fûn.
Neffens it rapport ha beide belutsen skippers te hurd fearn, harren net oan de farregels holden en ûnfoldwaande kommunisearre.

Wet- en regeljouwing

It ministearje moat neffens it rapport de wet- en regeljouwing sa oanpasse, dat der dúdliker belied ûntstiet. Dêrmei wurdt it foar Rykswetterteat makliker de regels te hanthavenjen.
Yn in earste reaksje liet it ministearje witte de advizen ter herte te nimmen. "Veiligheid staat op één en het ministerie gaat hard aan de slag om snel invulling te kunnen geven aan deze aanbevelingen. De officiële kabinetsreactie volgt in het eerste half jaar van 2024."

Reaksje bedrijven

"De aanvaring heeft vreselijke gevolgen gehad", lit wettertaksybedriuw De Bazuin lit yn in earste skriftlike reaksje witte. "Ons medeleven gaat nog altijd uit naar alle nabestaanden, de gewonden en andere betrokkenen. Wij kunnen ons voorstellen dat de publicatie van dit rapport voor hen, net als voor ons, op sommige punten duidelijkheid geeft, maar tegelijkertijd ook lastig is."
De skea oan de Tiger is goed te sjen
De skea oan de Tiger is goed te sjen © SRFotografie
Rederij Doeksen, eigener fan de snelboat Tiger, skriuwt dat se direkt nei it ûngelok al maatregelen naam ha. Se ha ûnder oare in sneltsjinstsimulator yn gebrûk naam: "Hierdoor kan er nog meer getraind kan worden op bijzondere situaties door onze kapiteins en stuurlieden."
Dêrneist wurdt tsjinwurdich de snelheid fan de skippen better yn de gaten holden en binne der mear kamera's oan board om yn gefal fan in ynsidint rapper ynformaasje te krijen.

Om tafel mei ûndernimmers

Rykswettersteat hat neffens de OVV ek in taak yn it feiliger meitsjen fan de Waadsee. Rykswettersteat is tegearre mei de plysje en ILT (Inspectie Leefomgeving en Transport), ferantwurdlik foar de hanthavening.
Rykswettersteat krijt it advys mei ILT en de belutsen ûndernimmers om tafel te gean om ôfspraken te meitsjen oer it skipferkear op de Waadsee.
Ek moat de hanthavening op snelheid fan skippen oanskerpe wurde. De oanbefelling is om te sjen oft radargegevens brûkt wurde kinne foar de hanthavening. As dat nedich is moat dêr de wet foar oanpast wurde.

Feilichheid op de aginda

Ek Rykswettersteat seit mei de oanbefellings yn it rapport oan de slach te gean: "Als water-, kust- en natuurbeheerder zijn we vanuit die rol voortdurend met veel partijen in gesprek, waaronder rederijen en watertaxibedrijven. Veiligheid, in de breedste zin van het woord, is tijdens deze gesprekken altijd één van de onderwerpen."
Nei it ûngelok is dit ûnderwerp noch faker op de aginda kaam: "Want een ieder is er van doordrongen dat de kans op dergelijke ernstige ongelukken tot een minimum beperkt moet worden."

Reaksje slachtoffers

"Wat onze cliënten waarderen is dat de onderzoeksraad de betrokken bedrijven aanspreekt op hun verantwoordelijkheid", seit advokaat Nanne Greven. Hy fertsjintwurdiget op ien persoan nei de slachtoffers fan it boatûngelok.
"Onze cliënten hopen dat het rapport en het plan van aanpak zullen bijdragen aan een veiligere Waddenzee." Neffens him wienen de konklúzjes net hielendal nij foar syn kliïnten.
"De familie is al eerder door het OM op de hoogte gesteld van het onderzoek van het OM en de politie. Wat dat betreft stonden er voor de cliënten geen nieuwe dingen in."