Onderzoeksraad wol strangere easken foar wettertaksys: situaasje 'urgint'

Wettertaksy
In wettertaksy by Skylge © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
De Onderzoeksraad voor Veiligheid seit opnij dat der spesjale regels komme moatte foar wettertaksys, no't der yn koarte tiid twa ûngelokken west ha mei sokke boaten.
No noch moatte wettertaksys foldwaan oan deselde easken as speedboaten, "ondanks de veel grotere verantwoordelijkheid", seit de ûndersyksried. Dêrtroch is neffens de ried de feilichheid op in wettertaksy "minder goed gewaarborgd dan op grotere passagiersschepen".
Nei oanlieding fan in oanfarring mei in wettertaksy op de Waadsee hie de ûndersyksried al sein dat sokke regels der komme moatte. No werhellet de ûndersyksried dizze oanbefelling nei oanlieding fan in oanfarring mei in wettertaksy by Rotterdam.
Yn de wet stiet gjin dúdlike definysje fan it begryp 'wettertaksy'. Der bestiet wol in nota fan taljochting dêr't yn stiet dat in wettertaksy beskôge wurde kin as in fearboat, mar yn de wet- en regeljouwing wurdt net nei dy nota ferwiisd.
Dizze ûndúdlikheid soarget derfoar dat sawol ûndernimmers as útfieringsynstânsjes der in eigen ynterpretaasje fan ha, meldt de ûndersyksried.
Minister Mark Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat erkent it belang fan dúdlike wet- en regeljouwing op it wetter, seit er yn in earste reaksje.
It minstearje is al begûn mei it útwurkjen hjirfan, en komt 'zo spoedig mogelijk' mei in wiidweidige reaksje op it rapport, en ek op it eardere rapport fan de ûndersyksried oer de oanfarring op de Waadsee.
De ûndersyksried is dêr bliid mei. "Het is een goede zaak dat de minister het belang erkent van duidelijke wet- en regelgeving voor veiligheid op de vaarwegen. In korte tijd twee ingrijpende voorvallen met watertaxi's geeft aan hoe urgent de situatie is."