Rapport deadlik boatûngelok Waadsee: konkrete ôfspraken oer fargedrach easke

Wettertaksy Stormloper
Wettertaksy Stormloper © Jan van Rees
De twa skippers dy't belutsen wienen by it deadlik boatûngelok ferline jier op de Waadsee hawwe beiden te hurd fearn, harren net oan de farregels holden en ûnfoldwaande kommunisearre. Dat is de konklúzje dy't de Onderzoeksraad voor de Veiligheid (OVV) lûkt.
It ûngelok hie plak op 'e betide moarn fan 21 oktober 2022, yn it Skûtegat súdwestlik fan Skylge. It gie om in oanfarring tusken de snelboat Tiger fan Rederij Doeksen en de wettertaksy De Stormloper fan in partikuliere ûndernimmer.
Fjouwer minsken kamen by it ûngelok om it libben. It lichem fan ien fan harren, de 12-jierrige Riemer út Seisbierrum, is noch altyd net fûn. De Onderzoeksraad voor Veiligheid hat de ôfrûne moannen ûndersyk dien nei de tadracht fan de oanfarring.
Ut it ûndersyk docht bliken dat der yn de earste ynstânsje gjin gefaar wie foar in oanfarring tusken beide skippen, as sjoen wurdt nei de koers dy't beide op dat stuit fearen.

Undúdlike kommunikaasje

Neffens it rapport hawwe beide skippers pas 34 sekonden foardat se inoar passearje soene, kontakt socht fia de marifoan.
Yn it rapport stiet: "De kapitein (van de Tiger, red.) nam het initiatief om de communicatie te starten met de schipper van de watertaxi om een passeerafspraak te maken. Dit deed hij op zo een manier dat de communicatie tussen de kapitein en de schipper niet eenduidig was. De passeerafspraak kwam niet tot stand doordat de schipper de afspraak niet bevestigde."
Nei it marifoankontakt wizige de wettertaksy ûnferwachts fan koers. Troch de faasje fan beide skippen koe de botsing doe net mear foarkaam wurde, stiet yn it rapport. "De kapitein van de snelboot koos er niet voor snelheid terug te nemen, terwijl dit bij een afwijkende, en mogelijk potentieel gevaarlijke situatie, meer afstemmings- en handelingstijd zou bieden om een aanvaring te voorkomen."

Konklúzjes ûndersyksrapport

  • Beide skippers fearen te rap, kommunisearren net dúdlik en holden har net oan de jildende farregels;
  • Beide bedriuwen fearen struktureel te hurd en hanthavening op snelheid troch Rykswettersteat is yn de praktyk net helber;
  • Troch ûndúdlike wet- en regeljouwing kinne wettertaksybedriuwen harren eigen ynfolling oan regels jaan, dêrtroch is de feiligens fan de passagiers ôfhinklik fan de ferantwurdlikheid fan de ûndernimmer.
Neffens it OVV soe better fargedrach en heldere wet- en regeljouwing de feilichheid op de Waadsee ferbetterje moatte. Dêrom is ien fan de oanbefellings dat de belutsen ûndernimmers en de ILT (Inspectie Leefomgeving en Transport) konkrete ôfspraken meitsje oer fargedrach.

Hanthavening

Dêrneist moatte der mooglikheden komme om better te hanthavenjen op snelheid. Op dit stuit fiert Rykswettersteat de hanthavening út en kin alllinnich in snelheidsoertrêding oanpakt wurde as it skip op 'e die betrape wurdt. Yn de praktyk is dat net helber omdat de oanwêzigens fan in patrûljeskip fan Rykswettersteat direkt opmurken wurdt en de faasje oanpast wurdt.
De oanbefelling is dêrom om te sjen oft radargegevens brûkt wurde kinne foar de hanthavening en dêr de wet foar oan te passen.

Oanbefellings

  • Rykswettersteat, Rederij Doeksen, Watertaxi de Bazuin en ILT: kom mei ôfspraken om it farren op de Waadsee feiliger te meitsjen en gebrûk dêrby de besteande 'gemeenschapszin'.
  • Rykswettersteat: meitsje ynsichtlik foar de minister fan Infrastructuur en Waterstaat dat it gebrûk fan data, sa as AIS- en radargegevens, nedich is om it hanthavenjen op snelheid en fargedrach te ferbeterjen.
  • Minister: soargje foar ienduidige wet- en regeljouwing foar it bedriuwsmjittige ferfier fan maksimaal tolve passagiers op it wetter.
  • Minister: pas de wet- en regeljouwing oan sadat Rykswetterteat de hanthavening better útfiere kin.