Renny Eelkema yn Sweden: "Der is my fannacht dochs in partij snie fallen"

Renny Eelkema Fryske Flagge Sweden
Renny Eelkema © Renny Eelkema
Renny Eelkema yn Sweden sjocht út op in wite wrâld: "Der is my fannacht dochs in partij snie fallen." Renny út Nes (Dongeradiel) ferhuze yn 2002 nei it Sweedske Halmstad.
De leafde is de reden dat se emigrearre is. Renny is troud mei in Sweed. Njonken fansels har man hat Sweden mear foardielen: de moaie natuer en de rêst. Mar der ek in minpunt:
"Fan novimber oant maart is it hjir in wiete snieboel. Ik hâld der net fan. Dan is it ek lang tsjuster. Moarns fyts ik yn it tsjuster nei it wurk en middeis yn it tsjuster werom nei hûs ta."
Yn de wintertiid is der ek minder te dwaan. "Der wurdt net safolle organisearre." De maitiid mei om har wol gau komme.
Renny Eelkema Fryske Flagge Sweden
It is no noch wyt fan snie by Renny en dy © Renny Eelkema
It plak Halmstad leit oan de Sweedske westkust, rûchwei tusken Göteborg en Malmö. Renny kaam dêr op har 22ste te wenjen.
Foar har fjouwerjierrige oplieding ferpleechkunde oan de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert koe se yn it tredde jier staazje rinne yn it bûtenlân. In soad learlingen keazen foar België of Dútslân. Renny fûn dat saai, want dat wie sa tichtby.
Renny Eelkema Fryske Flagge Sweden
Renny Eelkema kin net wachtsje oant de dagen wer langer wurde © Renny Eelkema
Se strúnde wat op ynternet om mei in stúdzjefreondinne. Se hiene wol heard dat Sweden in moai lân wie, mar hiene der noch nea west.
Tegearre mei dy freondinne besleat se om praktykûnderfining op te dwaan yn it Skandinyske lân. Earst rûn Renny in moanne staazje yn it sikehûs fan Halmstad en dêrnei op de ambulânse. Dêr luts staazjebegelieder Stefan har oandacht.

Ferkearing

Se krigen ferkearing, mar pas doe't Renny werom wie yn Ljouwert om har oplieding ôf te meitsjen. Stefan kaam in pear kear nei Fryslân. Nei't se yn 2002 har diploma helle hie, is se nei Halmstad ferhuze. Stefan hie dêr wurk en in hûs.
It plan wie ynearsten om nei in jier of fjouwer werom nei Fryslân te gean. Dat is der nea fan kaam. Wol kamen der bern: soan Harm Eric is no 20 jier en dochter Dian 18. Renny wurket as spesjalistysk ferpleechkundige by in thússoarchorganisaasje.
Renny Eelkema Fryske Flagge Sweden
Renny Eelkema mei har man en bern © Renny Eelkema
Har heit en mem yn Nes warskôgen har wol doe't se werom soe nei Sweden. Renny: "Dat snap ik wol."
Mar al reedlik gau kamen de Nessumers yn Halmstad op besite. Se seagen dat it allegearre goedkaam is en dat Renny it goed hat.
De âlden fan in buorfrou wenje yn Noard-Sweden. Dat is folle fierder fuort as Nes.
Renny oer de ôfstân nei Halmstad
No komme har heit en mem folle faker yn Sweden en Renny en dy gean ek nei Fryslân ta. It is net de oare kant fan de wrâld. Fan Helmstad nei Nes is 850 km.
"In heit en mem fan in buorfrou fan my wenje yn Noard-Sweden. Dat is folle fierder fuort."
Renny Eelkema Fryske Flagge Sweden
Renny Eelkema (lofts) © Renny Eelkema

Brinta

As se nei Sweden komme, hawwe har âlden de auto fol mei lekker guod. "Bokkepoatsjes, oranjekoeke en Brinta. De bearenburch stiet by ús yn de kast."
Wat dat betreft, mist Renny neat, seit se sels. "Ik haw in skilderijke krige fan myn suster mei de tekst 'Kinst it famke wol út Fryslân helje, mar Fryslân net út it famke'. Dat fyn ik moai, want sa is it."
Renny Eelkema Fryske Flagge Sweden
It poddestuolleseizoen begjint yn Sweden op guon plakken al yn augustus © Renny Eelkema
Wolst do ek yn Fryske Flagge? Dan kinst dy hjir opjaan. In berjochtsje stjoere nei goeiemiddei@omropfryslan.nl kin ek.