Aafke út Aldegea fereale op in Australiër: "Ik tocht: der moat mear wêze as Fryslân"

Aafke Hiddema (l.) mar har Australyske freon Fryske Flagge
Aafke Hiddema (l.) mei har Australyske freon © Aafke Hiddema
Aafke Hiddema waard fereale op in echte Australiër en wennet no al hast seis jier down under. Se wurket yn it lân en is yn har frije tiid in soad bûtendoar te finen. Mar: "Fryslân kinst ek net omhinne."
De 33-jierrige Friezinne wennet oan de westkust fan Australië by Perth. Sy is net de iennige yn de famylje dy't útflein is. Sy is wol it fierst by Fryslân wei: har suster Aaltsje sit yn Skotlân en har mem yn Eastenryk.
Aafke komt fan Aldegea (Smellingerlân) en se hat ek yn Burgum en Garyp wenne. Doe't se in pear jier oan it wurk wie yn Ljouwert en omjouwing, waard se ûnrêstich. Se woe wat oars. "Ik tocht: der moat mear wêze." Australië waard de bestimming fan har reis.
Aafke Hiddema mei har Australyske freon yn natuergebiet Fryske Flagge
Aafke Hiddema mei har Australyske freon yn in natuergebiet © Aafke Hiddema
Se wie net fan doel om te bliuwen, mar troch ferealens feroare alles. Se rekke ferslingere oan in echte, autentike Australiër. Hy komt út Kalgoorlie, in goudmynstedsje mear de binnenlannen yn, sawat 600 kilometer eastlik fan Perth.
De jierren fleagen foarby en no binne we al hast seis jier fierder.
Aafke Hiddema
De tafallige moeting tusken de twa wie op in gewoane woansdeitemiddei. Aafke hie dy moarns surfles hân en woe wat ite yn in kafeeke. Der wie allinnich mar plak oan de lange stamtafel. Mei ik derby komme, frege se.
"Dat mocht wol. En foardat ik it wist, wiene we oeren fierder. De jierren fleagen foarby en no binne we al hast seis jier fierder."
Aafke Hiddema yn de ierdbeien yn Australië
Aafke Hiddema oan it ierdbeisykjen: "Ik waard min betelle" © Aafke Hiddema
Yn Australië hat se earst benammen yn de hoareka wurke. Tuskentroch hat se ek ierdbeien fan it lân helle. Ast trije moanne agrarysk wurk dien hast, kinst in fisum krije foar in twadde jier.
Mar ierdbeisykjen wie net har meast favorite wurk: "It wie yn de Australyske winter en dan wol it moarns noch woris frieze. Oerdeis is it net sa kâld. Boppedat wiene de minsken ek net sa aardich en ik waard min betelle. It komt hast del op moderne slavehannel."
Aafke Hiddema en har Australyske freon Fryske Flagge
"Mei in oerke riden sitst yn de prachtichste natuergebieten" © Aafke Hiddema
Se hold fol en is no in permanent resident. Dat betsjut dat se sa lang bliuwe mei, as se wol.
Mei har freon hat se ek noch in partnerfisum oanfrege. Dan moatst bewize dat de relaasje bliuwend is, datst al lang byinoar bist. De Australyske autoriteiten wolle in hiel soad witte. Sa moast se ek in foto opstjoere dêr't de leafde tusken de twa út bliken die. Se stean der tútsjend op.
"Moatst bêst wol in soad persoanlike dingen priisjaan. Ik tocht bytiden: moat dit? Oan de oare kant, sa'n partnerfisum is ek bêst wol djoer, dus wolst der alles wol foar dwaan. En it is úteinlik allegearre goedkaam."
Oan it strân by Perth Aafke Hiddema yn Australië Fryske Flagge
Oan it strân by Perth © Aafke Hiddema
De manier fan libjen yn Australië sprekt har hiel bot oan. "Libbest hjir folle mear bûtendoar. Kinst altyd kampeare. In oerke riden en dan bist yn de moaiste national parks. Yn dizze tiid fan it jier kin ik moarns betiid foar it wurk ek efkes nei it strân ta."
Ik fyn it wol eng, mar dat tink ik wol.
Aafke Hiddema wurdt âld yn Australië
Se mist Fryslân wol. "Fryslân kinst net omhinne. Fryslân is Fryslân." As se werom is, fielt se har wer oe sa thús. Dat nimt net wei dat se ek wol bliid is mei it feit dat se yn Australië wennet.
Oft se âld wurde sil yn Australië? "Dat tink ik", seit Aafke wylst se in lyts bytsje ûnwis laket. "Ik fyn it wol eng, mar dat tink ik wol."