Suzan Boringa ferhuze nei Dútslân: "Hier word je tien jaar jonger"

Suzan Boringa mei har man
Suzan Boringa mei har man © Suzan Boringa
De ferhuzing binnen Dútslân hat har, nei eigen sizzen, tsien jier jonger makke. Suzan Boringa út Ljouwert siet earst tusken de âlderen oan de rivier de Moezel en no yn de streek dy't jonger en dynamysker is: it Sauerlân mei in soad sportive bûtenaktiviteiten.
Suzan Boringa (49) is hikke en tein yn Ljouwert. Trettjin jier ferlyn ferhuze sy tegearre mei har man Marc Kleiterp nei Dútslân. Se hiene in hotel kocht.
Se wiene wol ta oan wat oars. Sy en har man komme beide út de hoareka. Nei letter in skoft op kantoar wurke te hawwen, wisten se dat dat it net hielendal wie. Doe't se de kâns krigen om by de rivier de Moezel in hotel te keapjen, hawwe se de oerstap nei Dútslân weage.

Harren dream achternei

Se binne harren dream achternei gien. Hoe giet soks? Op in stuit litst alles los en dan giest gewoan, seit Suzan. In pear jier letter tocht se wol: wat hawwe we dien?
Oan de Moezel wie it wol moai, mar se hawwe it hotel dochs ferkocht. Ek omdat it dreech wie om dêr jild mei te fertsjinjen. "Het is tegenwoordig lastig om geld te verdienen met een hotel."
Fryske Flagge Suzan Boringa Dútslân
Yn har frije tiid giet Suzan wol gauris te fytsen of te kuierjen © Suzan Boringa
Flak foar de coronatiid binne se ferhuze nei it Sauerlân. Usseln by Willingen waard it nije wenplak. Dat hie ek in oar foardiel: it is minder fier riden nei Nederlân.
Yn it Sauerlân ferhiere se fakânsjewenten. Dêr kinst net fan libje en dus wurkje se derby yn de hoareka. "Marc is kok. Ik sta in de keuken en verzorg het ontbijt. En als het nodig is, doe ik ook de bediening. Niet in ons eigen hotel, maar gewoon in loondienst. Dat geeft rust en vrijheid."
"In dit gebied word je tien jaar jonger", fynt Suzan. By de Moezel sieten se yn haadsaak tusken de âldere toeristen en yn it Sauerlân hat se mear it jongere en aktive libben om har hinne. Boppedat hat se it no sels ek oan tiid om te skyen, de natuer yn te gean of te fytsen.
Fryske Flagge Dútslân Suzan Boringa hingbrêge fuotgongers
Hingbrêge foar kuierders © Suzan Boringa
By 't winter kinst dus sky yn Sauerlân, en simmerdeis kuierje en fytse. Der is fierders in grut bike-circuit dat aardich wat folk nei de streek lokket.
Suzan is tefreden mei har libben fan no. Mochten se noch wat tsjinkomme foar in nij begjin, dan soe dat kinne. Se sizze nea nee en kinst net yn de takomst sjen. Harren 13-jierrige soan Kevin is berne yn Dútslân en mei him moatte se ek rekken hâlde by eventuele nije plannen foar de takomst.
Fryske Flagge Suzan Boringa Dútslân skye Sauerland
Skye yn it Sauerlân © Suzan Boringa
Werom nei Nederlân wolle se net. Se binne de drokte net mear wend, al falt dat yn Fryslân wol wat ta. Yn it Sauerlân is it allegearre wat grutter en rêstiger. Hast mear de romte om dy hinne.
"Nee, wij gaan niet terug naar Ljouwert. We worden hier oud. Gezond blijven en bij elkaar blijven, dat wensen wij. En leuke dingen blijven doen."