Jan Ettema: "Friezen stûf? Dan hast de Denen noch net sjoen"

Fryske Flagge Jan Ettema Denemarken
Jan Ettema yn Denemarken © Jan Ettema
Jan Ettema (28) yn Denemarken praat nei eigen sizzen better Frysk as Nederlânsk. As jonkje fan 7 jier ferhuze er mei de famylje fan in pleats yn Koatstertille nei in pleats yn Jutlân.
Se kamen te wenjen by Rønbjerg. We binne no sawat tweintich jier letter. Jan is nei syn stúdzje hingjen bleaun yn de universiteitsstêd Aarhus. Hy wurket as business-analist yn de finansjele sektor.
 Ik kaam yn in nije klasse en prate Frysk. Gjinien koe my ferstean. 
Jan Ettema ferhuze as jonkje fan 7 nei Denemarken
Lytse Jan wie noch te jong om te beseffen dat er tenei in oare taal prate moast. "Ik kaam yn in nije klasse en prate Frysk. Gjinien koe my ferstean."
Wenne oan de nije omjouwing wie makliker. Op de pleats wiene se hecht as famylje. Se diene it mei-inoar. It wie wat nijs foar harren allegearre.
Jan is achternei posityf oer de avontuer dat syn heit en mem oangiene: "De dei dat wy út Fryslân wei ferhuzen, wie gjin feest. Mar ik tink dat it gjin min beslút west hat,"
Fryske Flagge Jan Ettema Denemarken
Jan Ettema © Jan Ettema
Der binne wol deeglik ferskillen tusken it Fryske en it Deenske folk, fynt Jan, eartiids fan Koatstertille.
"Friezen meie graach prate, dingen fertelle oer harsels. Makkest samar in praatsje mei ien op strjitte. Denen binne mear op harsels."
"Friezen stûf? Dan hast de Denen noch net sjoen", seit Jan laitsjend.
Fryske Flagge Jan Ettema Denemarken
Jan Ettema helpt as business-analist bedriuwen by it analysearjen fan harren data © Jan Ettema
Jan wennet yn Aarhus, de stêd dy 't in jier foardat Ljouwert dat wie, yn 2017 Kulturele Haadstêd fan Europa west hat. "Der is hjir in prachtich keunstmuseum."
Op it dak fan it museum stiet in keunstwurk yn de foarm fan in reinbôgepanorama. Kinst der geandewei de wrâld besjen troch yninoar oerrinnende kleuren fan de reinbôge. "Hiel moai", sa seit Jan.
Aarhus keunstmuseum
Keunstmuseum Aarhus © Gordon Leggett
Aarhus is de ien nei grutste stêd fan Denemarken. Der is ek in universiteit. Jan is derhinne ferhuze foar syn stúdzje. No wol er der net mear wei.
Hy hat it goed yn Denemarken. Binne der dan gjin dingen dy't er mist? Jawol: sûkerbôle, drûge woarst en oaljekoeken. Fierders ek de geselligens, muzyk en eveneminten.
Fryske Flagge Jan Ettema yn Denemarken
Jan Ettema © Jan Ettema
"As Friezen bist mear hecht mei-inoar as as Denen. As ik weromkom yn Fryslân fiel is my fuortendaliks thús. Mar de sosjale kontakten haw ik eins allegearre yn Denemarken."

ABN leare

"As ik werom moatte soe, soe ik ABN Nederlânsk leare moatte. Ik kin wol Nederlânsk, mar haw it net echt op skoalle hân. Goed Nederlânsk leare wurdt noch in útdaging as ik werom ferhúzje soe."