Noardeast-Fryslân siket fjouwer fermiste Britten, Australiër en Dútser

Selde type fleantúch as de Wellington
Selde type fleantúch as de Wellington © Omrop Fryslân
De gemeente Noardeast-Fryslân wol letter dit jier twa oarlochsfleantugen bergje. It giet om in Ingelske bommewerper en in Dútske jager, dy't beide delstoarten yn de oarloch.
De twamotoarige Vickers Wellington fan de Britske Royal Air Force gong op 25 juny 1943 fanôf Kirmington, oan de eastkust fan Ingelân, op missy nei Gelsenkirchen yn it Dútske Ruhrgebiet. Se gongen dêrhinne as ûnderdiel fan de Battle of the Ruhr om de oarlochsyndustry fan de nazi's in klap ta te bringen.
De fjouwer Britten en de Australyske piloat soene lykwols nea wer weromkomme yn Ingelân. Boppe de Waadsee gie it mis. It fiiftal waard delsketten troch kaptein Rudolf Sigmund, dy't earder dy moanne ek de Lancaster ED603 delhelle hie.
De Wellington stoarte midden yn de nacht krekt noardlik fan Holwert bûtendyks del. Op it stuit leit it wrak pal ûnder de seedyk.
Projektlieder Harry Feenstra fan de gemeente Noardeast-Fryslân hâldt him al in skoft dwaande mei de tariedings op in eventuele berging. "It fleantúch is sa fanôf de see, achter de âlde seedyk delkaam, en ek yn it slyk ferdwûn", sa fertelt Feenstra.
Letter yn de jierren '70 is de dyk ferhege, en doe is eins de dyk boppe-op it fleantúch lein. "Net ien koe dat doetiids út de grûn krije, dus de bemanning sit der ek noch yn."
It giet om fjouwer Britten: Thomas Ball, Alfred Mortimer, Norman Ronald Perry, John Peter Priestley, en harren Australyske piloat Charles Alfred Mattress.
Kolleezje fan Noardeast-Fryslân wol fleantugen bergje
Om der wis fan te wêzen wêr't de bommewerper leit, is ôfrûne simmer wiidweidich ûndersyk dien. Mei djiptemjittings is sjoen nei de oanwêzigens fan metaal yn de seedyk,. Op basis hjirfan kin bepaald wurde wêr't it wrak nei alle gedachten leit.

Dútsk fjildgrêf

Eefkes fierderop yn it Noarderleech moat ek in fleantúch burgen wurde. It giet hjir om in Messerschmitt BF109, in Dútske jager, dy't sân meter djip yn it slyk ferdwûn is. It fleantúch waard op 16 july 1943 bestjoerd troch Georg Wilhelm út Leipzig. Hy wie in begjinneling dy't by in oefenflecht in fatale stjoerflater makke, wêrtroch't hy delstoarte yn it bûtendyks gebiet.
It Noarderleech waard yn de oarlochsjierren gauris troch de Dútsers brûkt as oefengebiet foar jachtfleaners, en as needlokaasje om bommen op te smiten foar't de fleantugen weromkearden nei harren fleanfjilden. Tsjintwurdich is de bunker yn it natuergebiet noch in herinnering oan dy tiid.
Hjir yn it Noarderleech leit in Messerschmitt
Hjir yn it Noarderleech leit in Messerschmitt © Omrop Fryslan
De bergingen fan de Vickers Wellington en de Messerschmitt falle ûnder it Nationaal Bergingsprogramma. Yn de Twadde Wrâldoarloch stoarten goed 5.000 fleantugen yn Nederlân del. In grut part dêrfan leit noch hieltyd yn de Nederlânske boaiem.

Stoflike resten

Ut ûndersyk docht bliken dat op 30 oant 50 plakken nei alle gedachten noch stoflike resten fan bemanningsleden oanwêzich binne. It Nationaal Programma is opset om gemeenten te stypjen dizze 'kânsrike bergingen' út te fieren. Se dogge dat mei jild en advys. Earder waard ek de Lancaster ED603 mei dizze stipe burgen út de Iselmar.
De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân moat noch akkoart gean mei de plannen.