Neibesteanden betinke fermiste fleaners op bergingsplak: "It is oerweldigjend"

Neibesteanden fan de fleaners fan bommewerper ED603 krigen tongersdei de kâns om sels te sjen wêr't har famyljelden omkaam binne. It waard foar alle oanwêzigen in oerweldigjende dei op in bysûndere lokaasje.
It is njoggen oere as in grutte touringcar parkearret bûten it Waddencentrum op Koarnwertersân. In ynternasjonale mjuks minsken streamt nei binnen ta, klear foar in dei fol yndrukken.
Yn petearen ûnderling komt nei foaren dat de spanning bot oanwêzich is, guon hawwe amper slept. It is nammentlik de dei dat dizze tsientallen neibesteanden de crashlokaasje fan harren famyljeleden sjogge.
De famyljes fan de fermiste fleaners fine rêst by de crashlokaasje
De gemeente Súdwest-Fryslân pakt grut út foar dizze famyljedei. Alles om de neibesteanden sa goed mooglik út te lizzen en sjen te litten wat se dogge om harren fermiste famyljeleden werom te finen. Sa is der op Koarnwertersân in útstalling fan ferskate wrakstikken fan de Lancaster bommewerper dy't al fûn binne.
Sjochglês fan omke
Stadichoan skeuvelje de Britten en Kanadezen by de stands del. De ien sjocht stil nei de stikkene houten stoel, djip yn tinzen, besykjend om alles in plakje te jaan. De oar freget oan de leden fan de Bergingstsjinst de earen fan 'e holle, oer wat der krekt fûn is. En somtiden komme de ferhalen dan ek ynienen byinoar.

Keith West komt fan Kanada, hy is famylje fan bommerjochter Arthur Gordon Fletcher en hat jierrenlang ûndersyk dien nei de Lancaster en syn crew. As hy foar it kreamke fan de Bergingstsjinst stiet, krijt er ynienen it sjochglês fan syn omke yn 'e hannen. Fuort springe de triennen yn de eagen. It besef dat Fletcher troch itselde glês sjoen hat, om de bommen te smiten, komt binnen.
West fertelt dat er it hiel oangripend fynt, om te witten dat syn omke it oanrekke hat en der ferantwurdlik foar wie. "Benammen de kamera en de lins. It is hiel bysûnder, oerweldigjend."
In offer foar frijheid
Nei dizze treffende yntroduksje fan de berging, stappe de gasten oan board fan in rûnfeartskip, om op wei te gean nei de bergingslokaasje inkelde kilometers fan Breesândyk, yn de Iselmar.
Underweis krije ferskate pommeranten de romte om har yn in taspraak ta de famylje te rjochtsjen. Benammen de speech fan minister Ollongren fan Definsje makket yndruk. Se ferbynt de oarloch fan doe mei de situaasje yn Oekraïne, en leit de klam op it offer dat de bemanning fan de Lancaster makke hat.

Ann Skinner is in achternicht fan Ray Moore, ien fan de fleaners dy't noch fermist wurdt. Se sit tegearre mei har man wat achteroan yn de boat, ûnder de yndruk fan alles wat der yn Nederlan dien wurdt om Moore te finen. Skinner fertelt dat it in skok en in ferrassing is. Se hie net tocht dat it fan safier komme soe. "It is absolút geweldich en ik bin bot ûnder de yndruk fan wat de Nederlanners dien ha."
Nettsjinsteande dat de famyljebân wat fierder fuort is, wurdt Ray Moore bot mist. Skinner fertelt dat syn fermissing altyd in grutte rol spile hat yn it libben fan de famylje. "We ha altyd witten dat er delsketten wie boppe see, mar dat wie sa'n bytsje alles. It is moai dat no alles boppe wetter komt."
Minút stilte
Eefkes nei ienen komt de famylje, mei de minister en de Commandant der Strijdkrachten oan by de bergingslokaasje. Yn stilte wurdt in plakje socht op it grutte balkon dat boppe de bergingsbak hinget. Dêrûnder lizze hooplik de stoflike resten fan de trije noch fermiste fleaners: Arthur Bertram Smart, Charles Frederick Sprack en Raymond Edward Moore.

Nei in taspraak en een gedicht folget midden op de Iselmar, mei allinnich it lûd fan de weagen dy't op de damwand slaan, The Last Post en in oangripende minút stilte. Elk stiet stil by it drama dat him hjir 80 jier lyn ôfspile hat. It offisjele part wurdt ôfsluten mei in fly-past fan in histoarysk fleantúch, as lêste groet nei de fleaners fan ED603.
De famylje krijt dêrnei noch de kâns om de bergingslokaasje goed te besjen, en ek mear te witten te kommen oer hoe't Definsje krekt te wurk giet mei de berging. De famylje makket der graach gebrûk fan. Se fine it goed om te witten hoe't alles bart, mar de achternicht fan telegrafist Moore is op de weromreis nei Koarnwertersân benammen tankber: "Sa tankber en oerweldigjend, om it rêstplak te finen dêr't wy in bân mei fiele."