Trije fermiste fleaners fan yn 1943 crashte Lancaster identifisearre

Radiotelegrafist en boardskutter Raymond Moore, ien fan de fleaners dy't noch fermist waarden © SMAMF

De stoflike resten dy't oantroffen binne tusken de wrakdielen fan de Britse Lancaster ED603, binne fan de trije fermiste bemanningsleden. It giet om Arthur Smart, Charles Sprack en Raymond Edward Moore.

Undersyk yn it laboratoarium yn Soesterberg hat dat oantoand. Hjirmei is der lang om let dúdlikheid oer it lot fan de trije fleaners, dy't al sûnt juny 1943 fermist wiene. Foar de famyljes yn it Feriene Keninkryk komt der no in ein oan in lange perioade fan ûnwissigens.

Fleanersklean en sigarettekokers

De stoflike resten fan Sprack, Smart en Moore waarden oantroffen by de bergingsoperaasje fan Definsje en de gemeente Súdwest-Fryslân. Njonken restanten fan fleanersklean en útrissing fûn Definsje ek noch twa fersulvere sigarettekokers. Hjirop stiene de inisjalen fan Arthur Smart en Raymond Edward Moore. De famylje krijt dizze emosjoneel weardefolle stikken werom.

De trije fermisten makken diel út fan in bemanning fan sân persoanen. Sy fleagen werom fan in missy boppe Bochum, doe't se yn juny 1943 út de loft sketten waarden en by Breesândyk yn it wetter delstoarten. Fjouwer fan de sân, spielden nei de crash oan op de Fryske Iselmarkust. Sy binne te hôf brocht yn Starum, Hylpen en Warkum.

Smart (27) wie as technikus mei op missy, Sprack (23) siet as skutter oan board. Moore (21) wie ek skutter, mar as telegrafist ek ferantwurdlik foar de kommunikaasje fan en nei it fleantúch.

Oardel moanne bergingswurk

Definsje wie fan 4 septimber oant 16 oktober dwaande mei de berging fan de Lancaster ED603. It doel fan de berging wie ek om de miste fleaners werom te finen en harren in lêste rêstplak te jaan.

Al yn de earste dagen fan de berging waarden stoflike resten fûn. Doe wie noch net dúdlik om wa't it gie, dat moast earst noch ûndersocht wurde.