‘Swarte Tongersdei’ betocht by Aldetrine en Huzum: op syk nei de lêste oantinkens

By Aldetrine waarden twa krânsen dellein
By Aldetrine waarden twa krânsen dellein © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
It is 80 jier lyn dat de Britske loftmacht op ien dei mear as 300 manlju ferlear. De datum 16 desimber 1943 stiet sûnt dy tiid bekend as 'Swarte Tongersdei.' Dit wykein waarden de slachtoffers dy't yn Fryslân foelen betocht.
De manlju fan Bomber Command giene yn 1943 oan de ein fan de middei fan ferskate fleanfjilden yn it súdwesten fan Ingelân ôf omheech foar in missy boppe Berlyn.
It doel wie om de spoarwegen fan de Dútske haadstêd te bombardearjen, om sa de oanfier fan materieel nei it eastfront te fersteuren.
De rûte gie oer Fryslân nei it noarden fan Dútslân, mar fjouwer Lancaster-bommewerpers hellen it doel yn Berlyn net. Se waarden al boppe Fryslân delsketten troch nachtjagers, dy't út Ljouwert wei de loft ynstjoerd wiene om de stream fleantugen oan te fallen.
"We'll Meet Again" wurdt songen
"We'll Meet Again" wurdt songen © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Ien fan de Lancasters kaam yn de greiden by Aldetrine telâne. It wie it fleantúch fan Pilot Officer Gordon Ratcliffe en syn bemanning, fan it 49 Squadron fan Fiskerton yn Lincolnshire.

Ljochtkûgels

Neffens lokale tsjûgen soene de oare fleantugen noch ljochtkûgels ôfsketten hawwe om Ratcliffe en syn crew in kâns te jaan om in needlâning te meitsjen.
It moat in wier fjoerwurk west hawwe boppe it súdeasten fan de provinsje, seit in neibesteande fan ien fan de tsjûgen.
Mar de help hie gjin resultaat, alle sân manlju kamen by de crash om it libben. It giet om W.R. Day, E. Holloway, B.J.V. King, R. Losa, A.E. Marsland, G.L. Ratcliffe en W.T. Rees.
De bemanningsleden fan de JB545
De bemanningsleden fan de JB545 © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Yn Aldetrine is sûnt koart wer in komitee aktyf om de oantinkens oan dizze crash en de omkommen bemannning nij libben yn te blazen. De betinking fan dit wykein spilet dêr in wichtige rol yn.

Komitee op syk nei oantinkens

Mei help fan bern út Aldetrine en Sonnegea lei boargemaster André van de Nadort fan Weststellingwerf twa krânsen by it monumint fan de crashlokaasje. Om dêrnei mei-inoar it bekende 'We'll Meet Again' yn te setten.
De organisaasje hopet noch ferhalen út earste of twadde hân te finen oer de crash. De measte lokale bewenners dy't de oarloch meimakke hawwe, binne der net mear. It is neffens it komitee dêrom wichtich om alles wat der no noch op te tekenjen falt, noch wol te registrearjen.
Se dogge dêrom in oprop, oan eltsenien dy't mear ynformaasje hat oer de crash fan de Lancaster JB545. In foto soe dêrby hast noch it alderheechste doel wêze, om't dy oant no ta noch net fûn is.
De betinking yn Huzum
De betinking yn Huzum © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Eefkes fierderop yn Huzum yn Ljouwert wurdt ek stilstien by 'Black Thursday'. Hjir kaam op deselde middei de Lancaster DS831 nei ûnderen. It wie in bommewerper fan it 432 Squadron, fan de Royal Canadian Airforce.
It Oorlogsgraven Comité fan it doarp is mooglik de âldste yn syn soart. Fuort nei it delstoarten fan de Lancaster op 'Black Thursday' waard it komitee oprjochte.

Ljochtsjeskuier yn Huzum

Sneon stiene belutsen doarpsbewenners mei in ljochtsjeskuier, ûnder begelieding fan in doedelsek en fakkels, stil by it ferstjerren fan seis fan de acht bemanningsleden fan DS831.
Piloat William Charles Fisher waard krekt lykas Ratcliffe boppe Fryslân delsketten. Hy crashte yn de Wurdumer Mieden. Twa fan syn bemanning koene harsels lykwols noch yn feiligens bringe en oerlibben de crash, en úteinlik ek de oarloch.
It paad wie prachtich yn 't ljocht set
It paad wie prachtich yn 't ljocht set © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Doe't de RAF nei de nacht fan 16 of 17 desimber de sifers opmakke, waard dúdlik dat it ien fan de deadlikste nachten ea west hie. Yn totaal wiene 25 fleantugen delstoarten boppe beset gebiet. Mar dêrnjonken hat de loftmacht in soad manlju ferlern boppe eigen Ingelske grûn.
De dize dy't al oer de fjilden lei by it ôfreizgjen fan de bommewerpers, wie by it weromkommen feroare yn tsjokke mist. Leafst 31 fleantugen wiene delstoarten fanwege it minne waar.
Yn totaal kamen 327 manlju om it libben op dizze 'Swarte Tongersdei'.