Dit is it ferhaal fan de fermiste fleaners yn de Iselmar

Telegrafist Moore mei syn âlders nei it ûntfangen fan de Distinguished Flying Medal © SMAMF
Fiif wiken lang docht Definsje op de Iselmar in ultime poging om trije fermiste fleaners werom te finen. Sy makken diel út fan in crew fan sân, dy't yn juny 1943 weromfleagen fan een missy boppe Bochum. Sân manlju yn de bloei fan harren libben.
Al yn de earste wike binne der stoflike resten fûn by de berging. Dy binne nei alle gedachten fan ien of mooglik meardere fermiste fleaners. De identiteit moat noch ûndersocht wurde.
Wat wol hast fêststiet, is dat it de resten binne fan ien fan de sân fleaners fan de Britske bommewerper Lancaster ED603. Dy ferdwûn yn de nacht fan 12 op 13 juny 1943 fan de radar.
De berging fan de Lancaster ED306 © Omrop Fryslan, Jantine Weidenaar
As sneintemiddei 13 juny 1943 de Hylper rêdingsboat C.A. den Tex de Iselmar op giet, fine se allinnich in lege rêdingsboat en in pear fleanersmoffen.
Fan de grutte Lancaster is gjin spoar. Dy is yn de nacht delsketten troch de Dútske nachtjager Rudolf Sigmund. Yn syn logboek stiet de dramatyske sêne saaklik omskreaun: "02,11 Uhr Abschuss 1 Lancaster 15 km nordostw. Oosterland ins Ysselmeer durch Nachtjäger; Schicksal der Besatzung unbekannt."
In Lancaster © Wikipedia
Op fleanfjild Wyton yn Ingelân wurdt ek al gau dúdlik dat ien fan de bêste crews net mear thúskomt. De bemanning fan de Lancaster ED603 hearde nammentlik by de Pathfinders, in elite squad binnen Bomber Command. Dat is it ûnderdiel fan Definsje dat him dwaande hâlde mei bombardeminten fan Dútske steden. De Pathfinders fleagen foaroan yn de formaasje en hiene as taak om de te bombardearjen doelen te markearjen.
Mar ek yndividueel hiene de manlju fan de Lancaster ED603 in bysûndere steat fan tsjinst.

Piloat Tilbury (26 jier)

Piloat Eric Tilbury wurdt berne yn de Londenske foarstêd Chadwell Heath, mar ferhuzet al gau nei Southend-on-Sea. Ein juny 1939 meldt er him frijwillich oan by de Royal Air Force (RAF).
Piloat Tilbury © SMAMF
Nei in training kin er yn 1941 syn earste flecht meitsje. Hy skriuwt brieven nei syn sus, wêryn't er fertelt oer syn ûnderfiningen by de RAF: "Beautifully balanced and wonderful machines to fly", sa skriuwt er oer de fleantugen dêr't er op dat stuit mei de loft yn giet.
Troch in soad fleanoeren te meitsjen, ûntwikkelet Eric Tilbury him as in tige goeie piloat. Yn april 1943 fljocht er foar it earst mei in Lancaster, in No. 83 squadron. Dat is it squadron dêr't ek de Lancaster ED603 ûnder falt.
Tilbury makket yn totaal noch tsien flechten mei de grutte Lancaster, foar't er op 13 juny omkomt yn de Iselmar.
Yn totaal hat piloat Tilbury 51 operasjonele flechten makke. Op 22 juny 1943 spielt syn lichem oan oan de Fryske kust. Hy is te hôf brocht yn Starum.

Navigator Howsam (27 jier)

Harold Elvin Howsam komt ein maaie 1940 yn tsjinst by de RAF. Hy wurdt traind as navigator; de persoan oan board fan it fleantúch dy't alles op koers hâlde moat.
Navigator Howsam © SMAMF
Fan july 1942 ôf fljocht Howsam by No. 83 Squadron. Earst mei de bemanning fan Thomas Oakes, mei wa't er 31 kear in missy folbringt boppe Dútslân, Frankryk en Italië.
Yn de tiid mei Oakes krûpt Howsam nochris troch it each fan de nulle, as harren fleantúch oan flarden sketten wurdt troch Dútske kûgels. De bommewerper fljocht yn 'e brân, mar troch goed wurk fan de bemanning kinne se dochs feilich weromkomme yn Ingelân.
Dat gelok hat Howsam net op 13 juny. As er delstoart mei de Lancaster ED603, hat er 42 missys folbrocht. Hy is op 23 juny 1943 te hôf brocht yn Warkum.

Bommerjochter Fletcher (20 jier)

De Kanadees Arthur Gordon Fletcher hat gjin twivels oer syn oanmelding by de RAF: "I am convinced that I did the right thing", skriuwt er yn oktober 1942 oan syn âlders. Al fuort nei it útbrekken fan de oarloch meldt er him oan en yn 1941 mei er begjinne oan syn trainings.
Bommerjochter Fletcher by syn oanmelding by it leger © SMAMF
Fletcher hat al fan jongs ôf oan in fassinaasje mei de loftfeart en technyk. Sa bout er modelfleantugen en krijt er in ynterne oplieding ta monteur fan it spoar by de Kanadeeske spoarwegen.
Fletcher krijt earst in oplieding ta telegrafist en skutter, mar wurdt letter oplaat ta bommerjochter. Hy is dejinge dy't derfoar soargje moat dat de kostbere lading yn de Lancasters har doel berikt. Nei mear as 30 missys, wêrby't er ek noch in kear ferwûne rekke, komt er op 13 juny om it libben yn de Iselmar.
Arthur Gordon Fletcher leit op it tsjerkhôf fan Warkum.

Sturtskutter Sugar (21 jier)

Gordon Sugar komt út Barton Mills, in doarpke yn it westen fan Suffolk. Hy is it ienige bern fan syn heit Robert en mem Daisy.
Sturtskutter Sugar mei syn frou Dulcie © SMAMF
Skoften foar de oarloch ferhuzet de húshâlding nei Oxford, dêr't Sugar ek syn oplieding krijt. Hy is aktyf yn de biblioteek en de jeugdklup fan de lokale tsjerke, dêr't er ek syn frou Dulcie kennen leart.
Frij gau nei it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch makket Sugar de kar om him oan te melden foar de RAF. Hy is as boardskutter en sturtskutter ferantwurdlik foar de ferdigening fan it fleantúch tsjin Dútske nachtjagers. Sugar fljocht meardere kearen mei piloat Eric Tilbury, al foardat se beide yn de úteinlike Pathfinder crew fan No. 83 Squadron telâne komme.
Krekt as dat fan Tilbury en Howsam spielt it lichem fan Sugar op 22 juny oan op de Fryske kust. Hy is by de tsjerke fan Hylpen te hôf brocht.

Technikus Smart (27 jier)

Arthur Bertram Smart wurdt berne yn Darjeeling, yn it easten fan India. Hy groeit op yn in húshâlding mei fiif bern, wêrfan't twa al op jonge leeftiid komme te ferstjerren. Hy giet nei in sjike kostskoalle, dy't bekendstiet as it Eton fan it Easten.
Technikus Smart © SMAMF
Oan de ein fan de jierren '30 ferhuzet Smart nei Ingelân ta, dêr't er him yn july 1939 frijwillich meldt as fleantúchmeganisien fan de RAF.
Oars as syn kollegatechnisy kiest er der net foar om feilich oan de grûn te bliuwen, mar jout er him op om mei te fleanen op missy. Fan 8 july 1942 ôf fljocht er mei op bombardementsflechten. Inkele moannen letter trout er mei de Skotse Doreen Joan Wilmshurst, dy't wurket by de Women's Auxiliary Air Force (WAAF).
Uteinlik makket Smart by No. 83 Squadron 45 missys fol, hast altyd mei Charles Sprack. Meardere kearen soarget Smart der mei akute reparaasjes foar dat fleantugen feilich wer werom yn Ingelân komme. Yn april 1943 krijt er in hege ûnderskieding: de Distinguished Flying Medal.
Arthur Bertram Smart wurdt noch hieltyd fermist.

Rêchkoepelskutter Sprack (23 jier)

Charles Sprack komt fan it Isle of Wight, flak ûnder Ingelân. Yn juny 1939 seit er syn baan as metaalbewurker by in skipsbouwer op, om by de RAF yn tsjinst te gean.
Rêchkoepelskutter Sprack © SMAMF
Hy wurket yn dy earste jierren as elektrisien by de loftmacht, oant er yn 1941 oplaat wurdt ta boardskutter op in Lancaster. It is syn taak om fijannige fleantugen del te sjitten, en dat docht er meardere kearen mei sukses.
Neffens de kommandant fan No. 83 Squadron hat Sprack in grut plichtsbesef en is er in foarbyld foar oare fleaners.
Krekt as Arthur Smart krijt Sprack yn 1943 de Distinguished Flying Medal. Hy hat der mei syn kunde en talint meardere kearen foar soarge dat bemanningen feilich thúskomme koe.
Charles Sprack wurdt noch hieltyd fermist.

Radiotelegrafist en boardskutter Moore (21 jier)

Ray Moore is noch mar 16 as er yn tsjinst komt by de RAF. Hy krijt in oplieding ta radiotelegrafist en boardskutter, en wurdt ferantwurdlik foar de kommunikaasje fan en nei it fleantúch.
Radiotelegrafist en boardskutter Moore © SMAMF
Neffens syn liedingjaanden is Moore in moedich en kundich man, en it is dêrom ek dat er al gau oanslute mei by bemanningen mei in hege oanskriuwing. Moore krijt krekt krekt as Sprack en Smart de Distinguished Flying Medal.
Yn 1941 stapt Moore yn it houliksboatsje mei Elizabeth Watson. Sy is op dat stuit al swier fan harren earste en iennige bern: Graham.
Nei it folbringen fan syn earste 'tour of operations' (bemanning fan de bommewerpers moasten 30 flechten dwaan foar't harren tour foarby wie, by de Pathfinders lei dat sifer sels op 45), jout Moore him opnij op. Hy fljocht dan noch tsien missys mei de bemanning fan Eric Tilbury.
Ray Moore wurdt noch hieltyd fermist.

Stichting Missing Airmen Memorial Foundation

Dit artikel is mei mooglik makke troch ynformaasje fan de Stichting Missing Airmen Memorial Foundation (SMAMF) út Ljouwert. Sy hawwe yn opdracht fan de gemeente Súdwest-Fryslân kontakt mei de neibesteanden fan de fleaners. Ek hawwe sy de skiednis fan dizze bemanning útsocht en opskreaun yn in boekje dat letter te krijen is by it Verzetsmuseum. De SMAMF hat in jierrenlange ûnderfining mei it útsykjen fan de ferhalen fan de fleaners dy't boppe Fryslân fermist binne.
De ynformaasje is ek werom te finen op in spesjale temawebside fan de gemeente Súdwest-Fryslân: geborgenverleden.nl. Sy binne opdrachtjouwer fan de berging fan de Lancaster ED603.