Sydney van Hooijdonk: "Je kunt niet zeggen dat het seizoen geslaagd is"

Sportcast © Omrop Fryslân
Hearrenfean-spits Sydney van Hooijdonk sjocht mei mingde gefoelens werom op syn tiid by sportklup Hearrenfean. Yn de Sportcast fertelt er oer syn eigen ûntwikkeling, oer it famyljegefoel by de klup en oer it ôfrûne seizoen. "We zijn nooit echt stabiel geweest."
Van Hooijdonk kaam yn de winterstop fan it seizoen 2021/2022. Yn in tiid dat Hearrenfean degradaasjefuotbal spile. No, oardel jier letter, is Van Hooijdonk mei Hearrenfean twa kear achtste wurden. En yn dizze simmer giet hy nei oardel jier ferhierd te wêzen earst werom nei Bologna.
Hy fynt dat Hearrenfean net in min seizoen draait hat, mar is ek net tefreden. "Als ik één woord mag gebruiken, dan is het wisselvallig. We zijn nooit een lange periode achterelkaar stabiel geweest. Met goed voetbal en veel punten. Maar het was ook niet zo dat we dramatisch waren."

Der hie mear ynsitten

Dêrom oerhearkse by Van Hooijdonk it gefoel dat der mear yn sitten hie dit seizoen. "Mijn gevoel is niet dat het mislukt is, omdat we de play-offs hebben gehaald. Maar je kunt ook niet zeggen dat het seizoen geslaagd is. Daarvoor was het te weinig."
Neffens de Hearrenfean-spits is hy net de iennige dy't dat gefoel hat. "Ik denk dat iedereen dat gevoel had. Niet alleen ik, maar ook bij de technische staf. Zo heeft Sparta het heel goed gedaan, maar we dachten wel: waarom kunnen wij dat niet?"
Hy hammeret dan foaral op it tal spilers by Hearrenfean dat doelpunten meitsje kin. Van Hooijdonk makke der sels sechstjin. Van Ewijk makke der seis en Amin Sarr fiif, mar der rest kaam net fierder as trije of minder.
"Ik denk dat we te weinig doelpuntenmakers hebben in het team. Dan wordt het lastig. Bij Sparta heb je bijvoorbeeld Lauritsen, Van Crooij, Verschueren en Saito. Dan heb je zoveel spelers die doelpunten maken."
Mar dat is net it iennige dêr't hy kritysk oer is. Van Hooijdonk fynt dat it team, ynklusyf hysels, te leaf is. "We laten het gebeuren. Bij Twente zie je bijvoorbeeld bij een kleine overtreding iedereen er bovenop springen. En wij staan er bij en kijken er naar. En ik ook. We laten het gebeuren."

Krityk yn de media

Van Hooijdonk draaide oan de ein fan dit seizoen noch efkes mei yn de striid om de topskoarderstitel. Van Hooijdonk makke der trije, mar seach Xavi Simons en Douvikas oan de ein dochs trochrinnen nei njoggentjin goals.
Hy baalt dêr wol fan, mar kin dochs weromsjen op in goed seizoen. "Ik denk dat ik wel tevreden kan zijn. Ik baal wel van het einde. Had er liever nog één of twee gemaakt. Maar ik denk dat als je zo een beetje terugkijkt, dat ik wel tevreden kan zijn."
Dan word ik soms een beetje gek in mijn hoofd.
Sydney van Hooijdonk
Healweis dit seizoen wie der wol krityk op him. Sa sei Foppe de Haan dat Van Hooijdonk by him op de bank sitte soe. Mar der wie neffens de spits mear krityk yn de media.
"Dat laat me niet koud. Soms is het terecht, soms niet. Ik wil het dan nog meer laten zien. Dan word ik soms een beetje gek in mijn hoofd. Dan word ik onrustig. Maar dan maakt het juist mooier als het daarna wel lukt."

Werom nei Bologna

Van Hooijdonk giet no earst mei in oantal spilers op fakânsje nei Ibiza en sil yn de simmer weom nei Italië. Dêr slút hy him oan by de klup wêr't hy noch ûnder kontrakt stiet: Bologna.
Troch syn goeie seizoen is de kâns lyts dan Van Hooijdonk folgjend seizoen wer yn it Abe Lenstra Stadion spilet. Mocht Hearrenfean him al hâlde wolle, dan is hy nei alle gedachten te djoer. "Ik heb wel eens met Bologna gesproken en ga daar inderdaad niet van uit."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.