Michel Vlap: "Wij klappen erop en gaan gewoon van Heerenveen winnen"

Sportcast © Omrop Fryslân
As it oan Michel Vlap leit, sit it aventoer fan sc Hearrenfean yn de play-offs der nei ien ronde op. Vlap spilet by FC Twente en dat is de tsjinstanner yn de earste ronde fan de neikompetysje.
Tongersdei is it earste treffen yn it Abe Lenstra Stadion. Snein is dan yn Enschede de return. FC Twente einige as fiifde yn de earedivyzje. Dat is trije plakken boppe de Feansters. "Wie de favoriet is, dat lijkt me wel duidelijk toch?", seit de middenfjilder fan FC Twente.
Neffens Vlap is syn ploech de favoryt om't se in goed seizoen hawwe. "Wij zijn ongeslagen in eigen huis, spelen attractief voetbal en hebben veel spelers die goed aan de bal zijn."

"Pluspunt voor hun en nadeel voor ons"

Al sjocht de Snitser by de tsjinstanner ek ien dy't goed oan 'e bal is: Osame Sahraoui. "Dat vind ik echt een geweldenaar. Er gebeurt wat als hij aan de bal komt", fertelt Vlap.
Hy baalt dat Andries Noppert werom is by Hearrenfean. "Dat is wel een pluspuntje voor Heerenveen en een nadeel voor ons, maar gelukkig hebben wij ook een aardige keeper", seit Vlap. Hy is selsfersekere: "Wij klappen erop en wij gaan gewoon van Heerenveen winnen, jongens."
In oare spiler dy't dizze wike ek yn aksje komt yn de play-offs is Mark Diemers, middenfjilder fan FC Emmen. Hy spilet lykwols net om Europeesk fuotbal, mar om hanthavening yn de earedivyzje. Emmen einige as sechtjinde en spilet woansdei en sneon tsjin NAC Breda.
"Na de overwinning op Heerenveen dacht ik dat we de play-offs nog wel konden ontlopen", seit Diemers. Dat slagge net. Dochs sjocht de Ljouwerter it net as in 'ferplicht nûmerke'. "We zijn er klaar voor en ik heb er absoluut zin in."

Werom nei Cambuur?

SC Cambuur hat Diemers in oanbieding dien om werom te kommen yn Ljouwert. De 29-jierrige spiler is transferfrij nei dit seizoen.
Mar de kâns is lyts dat it sa fier komt, nettsjinsteande in goeie oanbieding, sa jout Diemers ta. "Het kunstgras heb ik wel bedenkingen bij. En de eerste divisie, dat stuit je tegen de borst. Ik denk dat ik op een hoger niveau kan spelen. Zeg nooit nooit, maar ik acht de kans niet ontzettend groot."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.