'Masterscout' Hans Anker: "Hearrenfean moat Sander van de Streek helje"

De Sportcast mei Hans Anker © Omrop Fryslân
Der moat op it middenfjild fan sc Hearrenfean in spiler by dy't in doelpunt meitsje kin, fynt ambassadeur fan Hearrenfean Hans Anker. Hy hat wol in suggestje: âld-Cambuurspiler Sander van de Streek.
Tegearre mei syn twillingbroer Wim neamt Hans Anker himsels in 'masterscout' fan Hearrenfean. Nei eigen sizzen is it duo ek ferantwurdlik foar de komst fan Ché Nunnely nei de klup. Hans Anker hat noch wol in oantal suggestjes foar Hearrenfean.
1. Xander Severina (ADO Den Haag)
Anker: "Dat is in hiel goeie middenfjilder mei skoarend fermogen. Hy is yntusken ek international fan Curaçao."
2. Sander van de Streek (FC Utrecht)
Anker: "We ha geweldige middenfjilders, mar der wurdt te min skoard de spiler. Van de Streek makket sa sân, acht, njoggen goals."
Sportferslachjouwer Roelof de Vries hat lykwols min nijs foar de masterscout. "Syn salaris kin Hearrenfean net betelje. Hy kin yn it bûtenlân folle mear fertsjinje."
3. Cuco Martina (NAC Breda)
De 33-jierrige Cuco Martina spilet sintraal achteryn by NAC. Anker: "Trainer Peter Hyballa hat NAC wer oan it fuotbaljen krigen. Hy hat de achterhoede ferstevige mei Martina. Dy docht it hartstikke goed en hat ûnderfining."
4. Sam Lammers (Empoli)
Lykas syn twillingbroer Wim is ek Hans Anker in grut fan fan Sam Lammers: "Syn kontrakt by Empoli rint ôf yn juny. It is in goeie spits, kin mei links en rjochts sjitte, kin koppe en kreëarret sels de kânsen. Notearje it mar as primeur: Sam Lammers giet nei Hearrenfean."
By SC Cambuur foelen snein yn de wedstriid tsjin Sparta Rotterdam twa saken op: it debút fan Warkumer Brett Minnema op goal. En it feit dat spits Roberts Uldrikis sels in strafskop net skoare koe en noch altyd op nul doelpunten stiet.

"Uldrikis is in goeie spits"

Dochs moatte de Ljouwerters him foar folgjend seizoen yn de earste divyzje behâlde, fynt Anker. "Dan makket er aardich wat goals. As er mar fertrouwen krijt. Want in spits moat fertrouwen hawwe, dat is de kearn."
Neffens de âld-advokaat ûntbrekt it by de Letske spits oan fertrouwen. "Dy man kin wol wat. Ik ha yn syn earste seizoen by Cambuur wolris sein: dat is in goeie spits. It is mar krekt yn watfoar omjouwing as je sitte. Fiele je je thús? En ha je fertrouwen?"
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.