Omrop Fryslân

Abe Lenstra of Lionel Messi? Foppe de Haan wit it wol: "Abe"

De Sportcast mei Foppe de Haan
© Omrop Fryslân
Argentinië is yn de eagen fan Foppe de Haan de terjochte winner fan it wrâldkampioenskip fuotbal. De âld-fuotbaltrainer hat geniete fan de finale tusken de Argentijnen en Frankryk.
De Haan hie in foarkar foar Frankryk sneintejûn. Om twa redenen. As earste hat er minder sympaty foar de Argentinen. "Dat hat mei 1978 en Argentinië te meitsjen." Mar dat is it net allinnich. "Ik bin in enoarme oanhinger fan Mbappé."
Miskien wol it hichtepunt fan de wedstriid belibbe De Haan oan de ein fan de twadde helte. "'Wat raasto', sei myn frou Geke", fertelt De Haan yn de Sportcast. Hy ropte it út by de twadde goal fan Kylian Mbappé yn de finale. "Dat wie sa'n fantastyske goal."
Mei syn 79 jier hat De Haan al hiel wat WK-finales meimakke. Wie dit de spektakulêrste? "Dy fan 1966 kin ik my noch wol heuge, mei Geoff Hurst. En dat gedoch mei wol in goal of net. Mar dit wie kwa spektakel absolute top", is it klupikoan fan Hearrenfean dúdlik.
Dúdlik is De Haan ek as er kieze moat tusken Messi en Abe Lenstra. "Abe!"
In kar meitsje tusken de twa spitsen fan sc Hearrenfean, Amin Sarr en Sydney van Hooijdonk, is foar De Haan ek net sa lestich. "Ik soe Sarr altyd yn de punt fan de oanfal sette. Hy is reedlik fluch, goed yn de ien-op-ien en hy kin in goal meitsje. Dêrom soe ik him yn de spits sette."
Wat moat trainer Kees van Wonderen dan mei Van Hooijdonk, dy't no nota bene kluptopskoarer is? "Van Hooijdonk is by my gjin diskusje", seit De Haan. "Dy soe neist my sitte op de bank. Ik fyn him fuotbaljend safolle tekoart kommen."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.