Etiënne Reijnen begjint as technysk direkteur by Cambuur: dit binne syn opdrachten
Etiënne Reijnen wurdt tongersdei presintearre as nije technysk direkteur fan SC Cambuur. Watfoar taken lizze der allegear op syn buordsje? We freegje it sportferslachjouwer Andor Faber, dy't de klup folget.
It is no fjouwer en in heale moanne lyn dat de Ljouwerters bekendmakken dat Reijnen de nije technysk direkteur wurdt. Woansdei hat er syn earste wurkdei en tongersdei wurdt er presintearre.
Andor, is hjoed echt syn earste wurkdei of is Reijnen al langer dwaande by Cambuur?
"Op de eftergrûn is Reijnen al moannen oan 'e gong foar Cambuur. Dêroer waard lykwols geheimsinnich dien, om't er noch ûnder kontrakt stie by PEC Zwolle. Dêr wie Reijnen dit seizoen assistint-trainer fan Dick Schreuder.
Doe't ik twa moannen lyn op besite wie by PEC Zwolle, woe Reijnen ek gjin ynterview jaan oer syn nije baan by Cambuur.
Mar njonken syn wurk foar PEC wie Reijnen echt al wol foar Cambuur oan 'e gong. Hy hat in soad petearen fierd; mei trainer Sjors Ultee hat er bygelyks om tafel sitten mei potinsjele nije spilers. Ek hat er him ferdjippe yn de seleksje fan Cambuur om dêr in goed byld fan te krijen."
Wat wurdt op de koarte termyn prioriteit nûmer ien?
"Dêroer bestiet gjin misferstân. Dat is it gearstallen fan in nije seleksje. Santjin spilers ferlitte de klup nei de degradaasje en dus bliuwt der net folle oer. Trettjin spilers steane takom seizoen noch wol ûnder kontrakt, mar dat binne net allegear spilers dêr't je yn de jacht op promoasje op bouwe kinne.
Sa sitte der jonge talinten tusken as Brett Minnema, Vincent Pichel en Milan Smit. Mar ek spilers dy't nei alle gedachten fuortgean sille, sa as Alex Bangura, Léon Bergsma en Daniël van Kaam.
Der moat dus hast in folslein nije seleksje gearstald wurde. En dy nije spilersgroep moat ek noch ris goed genôch wêze om fuortendaliks wer mei te striden om promoasje nei de earedivyzje. Dat is no ien kear it ferwachtingspatroan yn Ljouwert.
En dat is ek wol logysk, as je út de earedivyzje komme. Cambuur krijt nammentlik dizze simmer fjouwer ton oan oerbrêgingsjild, om de lâning nei de earste divyzje sêfter te meitsjen. Direkteur Ard de Graaf ferwachtet dat de klup ûngefear it fiifde budzjet ha sil fan de earste divyzje, sei er koartlyn yn de Sportcast."
Wat komt der mear op it buordsje fan Reijnen te lizzen?
"As je sjogge nei de earste seleksje, it úthingboerd fan de klup, dan moat Reijnen noch op syk oanfolling foar de technyske stêf.
Ultee bliuwt, lykas bygelyks assistint Martijn Barto en keeperstrainer Peter van der Vlag. Mar der gean ek twa assistinten fan Ultee fuort: Pascal Bosschaart en Rob Alflen. Dat betsjut dat der minimaal noch ien assistint-trainer by moat, want Ultee en Barto kinne it net allinnich.
Wat eins al hiel lang by Cambuur in ûnderskood berntsje is, is de scouting.
In foar de hân lizzende opsje is om Jeroen Burghout, no trainer fan de beloften, troch te skowen. Hy hat mei Cambuur ûnder de 21 jier de ôfrûne seizoenen meardere spilers ôflevere oan it earste. Boppedat hat Burghout syn ploech dit seizoen nei it heechste nivo fan Nederlân brocht. Dus hy stiet der goed op.
It trochskowen fan Burghout soe lykwols earne oars wer in probleem kreëarje, want dan moat Reijnen op syk nei in nije trainer foar de beloften. Dêrnjonken kinne je je ôffreegje oft der net mear ûnderfining en rûtine yn de staf moat, want Ultee (36), Barto (38) en Burghout (38) binne net hiel âld."
En fierder?
"Wat eins al hiel lang by Cambuur in ûnderskood berntsje is, is de scouting. Technysk manager Foeke Booy, de foargonger fan Reijnen, hat wol ris ferteld dat hy dat hielendal opbouwe moast. En dat der bygelyks net iens in database wie, wêryn't nijsgjirrige spilers bondele binne.
Nije spilers komme net oanwaaien, dêrfoar moatte je goed taret wêze. Je moatte as klup by wize fan sprekken alle spilers út de Keuken Kampioen Divisie yn byld hawwe en in kear sjoen hawwe.
De earste lûden binne posityf. Reijnen hat al oerlizzen hân mei de Cambuur-scouts. En Ruben de Jong, de fideo-analist, komt it scoutingsteam ek foar in part fersterkjen. Der is dus krekt wat mear mooglik, sa liket it."
Is it net in gok om sokke wichtige taken yn hannen te lizzen fan ien dy't amper ûnderfining hat?
"Ja, dat is it. Reijnen hat hielendal gjin ûnderfining yn de funksje fan technysk direkteur. Nei syn fuotbalkarriêre hat er assistint- en jeugdtrainer west by PEC Zwolle. En 'td' is echt wol wat oars. Boppedat hat Cambuur him in kontrakt jûn foar leafst fjouwer jier. Dat fyn ik wol nuver, om't je net witte oft er dizze baan wol yn 'e fingers hat.
Hoe sit it bygelyks mei syn netwurk? Hat er koarte linen mei saakwaarnimmers? It binne fragen dêr't er in antwurd op jaan moat de kommende tiid.
Wat yn syn foardiel sprekt, is dat it in yntelliginte man is. En in sterke persoanlikheid. Sa sei PEC-oanfierder Bram van Polen twa moannen lyn oer syn âld-ploechgenoat: "Er staat ook wel wat als Etiënne binnenkomt, dat is geen grijze muis."
We sille sjen oft Reijnen it swiergewicht is dat frege wurdt op de posysje fan technysk direkteur. Hy set de skouders der sels yn elts gefal ûnder. De Zwollenaar nimt gjin tiid foar fakânsje nei in drok seizoen mei PEC en hy giet fuortendaliks de hiele simmerske transferperioade troch.
Dat moat ek, want syn hantekening komt ûnder it nije Cambuur te stean."