Cambuurdirekteur Ard de Graaf: "Met dit budget ongeveer vijfde club van de eerste divisie"

Direkteur Ard de Graaf fan SC Cambuur wol net al te hege ferwachtings sketse foar folgjend seizoen yn de earste divyzje. Neffens De Graaf hat Cambuur ûngefear it fyfde budzjet.
"Dan kan ik wel gaan roepen dat we kampioen worden, maar dan ga ik een verwachting wekken, die niet realistisch is." Mei De Graaf sjogge we yn de Sportcast werom op de degradaasje en it perspektyf foar folgjend seizoen.
Ofrûne sneon foel it doek foar Cambuur. Nei twa seizoenen op it heechste nivo degradearje de Ljouwerters. Foar de measten kaam dat dit wykein net mear as in ferrassing.
Foar De Graaf ek net. Hy tinkt dat heal maart der in beslissend momint west hat. "Dat was Excelsior-uit. We hadden een goede fase gehad en dan ga je toch naar Excelsior met het gevoel dat het moet gebeuren. Dan pikken we aan en klappen we erover. Dat ging zo faliekant fout. Dan kom je in zo'n fase, dat je met een leeggelopen ballon speelt."
Delgong al oardel jier lyn ynset
Cambuurtrainer Sjors Ultee sei sneontejûn dat it ferfal oardel jier lyn al ynsetten is. De Graaf is it dêr wol mei iens. "Dan zet je het wel af tegen een seizoen waarin je negende wordt en exceptioneel presteert. Daarna is er veel gebeurd in de club. Je moet het niet altijd over excuses hebben. Maar je mag het best over de omstandigheden hebben."
"De baas was er niet meer, in dit geval Henk (De Jong, red.). Dan glipt het door je vinger", stelt De Graaf. "Vanaf de winterstop is het minder gegaan. We probeerden het nog te herstellen, maar daar zijn we totaal niet in geslaagd."
Folgjend seizoen spilet Cambuur wer yn de earste divyzje. Klups as Heracles en PEC Zwolle binne promovearre en dat is foar Cambuur op himsels goed. Dat binne klups mei hegere budzjetten as de Ljouwerters.
Dochs betsjut dat net dat Cambuur meidraait yn de top fan de earste divyzje as it giet om it budzjet. "Als Cambuur een paar jaar KKD speelt, heeft Cambuur ongeveer een budget van zo'n 1,6 miljoen", leit De Graaf út.
"Daar komt nog een bijdrage van 4 ton bij, een bijdrage die je krijgt als je degradeert. Met die twee miljoen zijn we de vijfde club in de KKD. We zijn nu aan het kijken of we daar wat aan toe kunnen voegen."
Spilersbegrutting fan twa miljoen
Cambuur sil besykje it budzjet wat op te krikken, sa seit De Graaf. Dat kin mei help fan ynvestearder Bert van den Brink, dat kin mei sponsoaren, mar dat kin ek mei it ferkeapjen fan spilers.
De Graaf hie earder alris yn de Sportcast sein dat hy hope dat Bangura foar de haadpriis ferkocht wurde sil. Mar hoe realistysk is dat no noch?
De mannen oan tafel tinke dat ien miljoen euro no net mear realistysk wêze sil. Mar dat freget De Graaf him ôf: "De marktwaarde wordt in ieder geval niet hier aan tafel bepaald. Dat zal de markt bepalen. Een linksback met zijn leeftijd en zijn profiel, daar kan best wel eens vraag naar zijn."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.