Trije PEC Zwolle-kollega's oer Etiënne Reijnen, de nije 'td' fan SC Cambuur

Etiënne Reijnen skoarde as Cambuurspiler yn de Fryske derby © Orange Pictures
Etiënne Reijnen is op de eftergrûn al dwaande mei syn nije baan by SC Cambuur. Nei dit seizoen wurdt de 35-jierrige âld-fuotballer technysk direkteur yn Ljouwert.
Cambuur ferraste yn jannewaris mei it oanstellen fan Reijnen as nije technysk direkteur. Nei syn spilerskarriêre waard er jeugdtrainer by PEC Zwolle, oant er by de earste seleksje helle waard as assistint-trainer. Dy funksje hat er oant en mei de ein fan dit seizoen.
Dat de ried fan kommissarissen fan Cambuur Reijnen oansteld hat as direkteur, is in opfallende kar. Dit om't Reijnen hielendal gjin ûnderfining hat yn dy funksje. De Zwollenaar wol sels noch net foarútrinne op syn wurk yn Ljouwert. Om dy reden wol hy ek noch gjin ynterviews jaan.
Trije kollega's by PEC Zwolle leare ús mear oer Etiënne Reijnen
Kollega's fan him by PEC Zwolle wolle dat wol. Trainer Dick Schreuder, oanfierder en âld-ploechgenoat Bram van Polen en technysk direkteur Marcel Boudesteyn jouwe antwurd op de fraach wa't Etiënne Reijnen is.

Dick Schreuder (51), haadtrainer PEC Zwolle

Foar it earst yn harren karriêre wurkje Schreuder en Reijnen mei-inoar gear. Doe't Schreuder oardel jier lyn oansteld waard as trainer fan PEC Zwolle, siet Reijnen krekt by de technyske stêf fan it earste.
Dat befoel sa goed, dat dy perioade ferlinge waard oant de ein fan foarich seizoen. "Toen heb ik onderweg gevraagd of hij dit seizoen volwaardig trainer wilde worden bij het eerste." Sa kaam Reijnen by it earste alvetal as assistint fan Schreuder.
Wat binne krekt syn wurksumheden? "Etiënne is verantwoordelijk voor het voorbereiden en geven van trainingen. En hij is verantwoordelijk voor een stuk of acht spelers waarmee hij videosessies en persoonlijke gesprekken doet", seit Schreuder oer it takepakket.
Ik ben er niet blij mee, maar ieder moet zijn eigen keuzes maken.
PEC-trainer Dick Schreuder oer it fuortgean fan Etiënne Reijnen
De gearwurking tusken Schreuder en Reijnen befalt dy earste hiel goed. It giet ek foarspoedich mei de klup: PEC Zwolle stiet boppe-oan yn de earste divyzje en is hurd op wei om folgjend seizoen werom te kommen yn de earedivyzje.
Oft Cambuur en Reijnen dan ek yn de earedivyzje aktyf wêze sille, is mar de fraach. De Ljouwerters steane op dit stuit lêste en lykje in wûnder nedich te hawwen om degradaasje foar te kommen.
Dat de paden fan Schreuder en Reijnen nei dit seizoen útinoar rinne, fynt de trainer fan PEC spitich. "Ik ben er niet blij mee, maar ieder moet zijn eigen keuzes maken. Ik ben blij voor hem dat hij dit aangaat en bij een heel mooie club gaat werken. Ik had hem het liefst behouden, omdat hij heel veel meerwaarde heeft binnen de club."
Trainer Dick Schreuder fan PEC Zwolle © Orange Pictures
Mocht Cambuur him dochs hanthavenje, dan is it folgjend seizoen nei alle gedachten in konkurrint fan PEC Zwolle. It betsjut net dat Reijnen de trainerskeamer útskopt wurdt, as ynteressante nije spilers bepraat wurde foar PEC.
Schreuder: "Soms zit Etiënne er gewoon bij, omdat het mij gewoon niets interesseert. We gaan daar heel goed mee om en uiteindelijk hoort het erbij. We werken nu nog samen met elkaar. We maken er soms een spelletje van. Een beetje ouwehoeren, dat hoort er gewoon bij."

Bram van Polen (37), oanfierder PEC Zwolle

Fiif jier lang wiene Bram van Polen en Etiënne Reijnen teamgenoaten fan elkoar. No wurkje se op 'e nij gear: Van Polen is noch altyd fuotballer en oanfierder fan PEC, wylst Reijnen assistint-trainer is.
Wat fynt Van Polen fan syn âld-ploechgenoat? "Hij straalt in alles uit dat hij zelfverzekerd is. Daarmee bedoel ik niet dat hij arrogant is, totaal niet. Hij heeft een heel sociale, menselijke kant. Hij kan met iedereen bij de club goed, van jeugdspelers tot collega's op kantoor. Ik heb hem heel hoog zitten."
Het is een sterke persoonlijkheid en daarnaast staat er ook wel wat als Etiënne binnenkomt, dat is geen grijze muis.
Bram van Polen oer Etiënne Reijnen
Yn de eagen fan de Zwolse rûtinier hie Reijnen ek aktyf bliuwe kinnen yn it trainingsfak, want: "Als hij voor een groep staat, kan hij zijn visie goed verwoorden. Het is een sterke persoonlijkheid en daarnaast staat er ook wel wat als Etiënne binnenkomt, dat is geen grijze muis."
Mar, Van Polen sjocht Reijnen ek wol yn in maatpak omstappen yn stee fan yn in trainingspak. "Ik vind die baan wel bij hem passen. Hij is niet vies van hard werken en volgens mij maak je als 'td' aardig wat uurtjes. Hij weet wat hij wil, kent de club Cambuur en dat werkt in zijn voordeel."
Oanfierder Bram van Polen fan PEC Zwolle © Orange Pictures
Dat je as technysk direkteur it ek altyd dien hawwe kinne, sil Reijnen grif witte. Al hat er dêr ek wol ûnderfining mei, fertelt Van Polen. "Hij heeft bij ons ook wel eens periodes meegemaakt dat we werden opgewacht door supporters."
Van Polen tinkt dat er dêr ek wol mei omgean kin. "Het gaat met dat soort dingen om dat je de mensen blijft zien en in gesprek blijft met elkaar. Dat kan hij als geen ander." Koartsein: "Als Cambuur zijnde zou ik wel blij zijn met Etiënne als 'td'."

Marcel Boudesteyn (51), technysk direkteur PEC Zwolle

De man dêr't Cambuur mei ûnderhannelje moast om Reijnen fuort te heljen by PEC Zwolle, is Marcel Boudesteyn. Hy is de technysk direkteur fan de Zwollenaren en wit as gjin oar wat Reijnen ferwachtsje kin. "Ik denk dat hij wel gaat ondervinden dat er heel veel op hem af gaat komen."
Mar Boudesteyn ferwachtet dat Reijnen genôch help krije sil. "Gezien dat Ard (De Graaf, red.) en Gerald (Van den Belt, red.) daar zitten, voelt het als een warm bad. Hij wordt niet zomaar in het diepe gegooid."
Technysk direkteur Marcel Boudesteyn fan PEC Zwolle © Orange Pictures
Wat kin Reijnen fan de simmer ôf ferwachtsje as er begjint by Cambuur? "Je moet een zakelijke achtergrond hebben, deals kunnen sluiten en ook met de boze buitenwereld kunnen omgaan. Win je, heb je vrienden en verlies je, doe je het ineens heel slecht. Ik verwacht met zijn persoonlijkheid geen problemen daarin."
Lykas Schreuder en Van Polen is ek Boudesteyn posityf oer syn hjoeddeistige kollega. "Etiënne is heel leergierig en is gepokt en gemazeld in de voetballerij. Hij heeft zich bewezen als speler, nu als trainer en ik verwacht dat hij dat ook gaat doen als technisch directeur."
Boppedat, sa fynt de 'td' fan PEC Zwolle, moat Reijnen wol de tiid krije yn Ljouwert. Dat sit wol goed, ast sjochst nei it fjouwerjierrige kontrakt dat Reijnen tekene. "Als oud-speler verdient hij het respect van de buitenwacht en dat ze hem de tijd geven om zijn ding te doen", fynt Boudesteyn.