ANWB sammelet bernefytsen yn foar famyljes mei smelle beurs
De ANWB sammelet dizze moanne yn Fryslân bernefytsen yn foar húshâldingen mei in smelle beurs. Lang net elk bern hat in eigen fyts. Yn Ljouwert binne hast 300 famyljes dy't gjin jild hawwe om in bernefyts te keapjen.
"Een eigen fiets is waardevol voor een kind, het geeft zelfstandigheid en vrijheid, ze kunnen zelf naar school, vrienden of andere activiteiten fietsen", seit Jildou de Raad fan de ANWB. "Daarnaast is het ook belangrijk dat kinderen veilig deelnemen in het verkeer. Om echt goed te fietsen, moeten ze meters maken op de fiets."
ANWB sammelet bernefytsen yn foar famyljes mei smelle beurs
It ANWB Kinderfietsenplan is oprjochte yn 2015. Yn de ôfrûne jierren binne goed 50.000 fytsen ynsammele en útdield oan bern. Fia partners as Leergeld Nederland, stichting Fietsen Alle Jaren, Fryske gemeenten en sosjale wurkpleatsen wurde de fytsen útjûn.
Se fernimme dat de fraach nei bernefytsen tanimt. It hiele jier kinne fytsen oanmeld wurde by de ANWB, mei dizze aksje freegje se der ekstra omtinken foar.
De ynleverpunten binne: