Gemeente Ljouwert helpt ynwenners dy't yn earmoed libje

De gemeente Ljouwert komt mei in ekstra pakket maatregels tsjin de finansjele noed by minsken mei in minimum-ynkommen. De grutte ynflaasje soarget by minsken mei in lytse beurs foar grutte problemen.
© ANP
Yn de gemeente wenje sawat 11000 húshâldings dy't krekt op of boppe it sosjaal minimum sitte. Troch de tanommen kosten fan ûnder oare enerzjy binne se slachtoffer fan 'in stille ramp', sa't wethâlder Hein Kuiken it formulearret. Hy hat earmoed-bestriding yn syn takepakket.

Automatysk oermakke

Ynwenners mei in bystânsútkearing krije automatysk in bedrach fan 800 euro op harren rekkening. Dat is it jild dat it Ryk beskikber stelt. De gemeente wol it no alfêst út eigen bûse foarsjitte. Dêrmei nimt de gemeente wol in finansjeel risiko, mar minsken helpe is op dit momint wichtiger as finansjele sekerheid, neffens wethâlder Kuiken.

Sels oanfreegje

De ynwenners dy't gjin bystânsútkearing krije, mar dy't wol yn earmoed libje, moatte de 800 euro kompensaasje sels oanfreegje by de gemeente.

Itenspakketten

Njonken de finansjele help sille ek enerzjycoaches meihelpe en wurde itenspakketten en moarnbrochjes útdield. Dat útdielen bart dan troch organisaasjes lykas it Reade Krús, de Rotary of wykteams. De gemeente wol de kapasiteit foar de betidere sinjalearring fan skulden ek fergrutsje.
Wethâlder Hein Kuiken
De totale kosten binne mei-inoar sawat 8,5 miljoen euro.