Reade Krús helpt húshâldingen yn earmoed oan moarnsbrochjes

Yn Fryslân libje 38.000 minsken yn earmoed. Dêrfan binne 9.000 bern. Foar dizze bern springt it Reade Krús no yn de bres. Se binne mei in aksje begûn om moarnsbrochjes oan húshâldingen te jaan dy't dat sels net foar mekoar krije, sadat de bern mei in folle mage op skoalle komme.
Moarnsbrochjes foar earme húshâldingen:
Yn Ljouwert is dizze aksje in pear wike âld en de oanfragen foar sa'n moarnsbrochjetas rinne no al hurd op. Yn in lyts gebiet mei twa skoallen binne der yn in pear dagen al 164 tassen oanfrege dy't in healjier lang alle wiken ophelle wurde kinne.

"De armoede is groot"

Kitty Smit fan it Reade Krús tinkt dat dat de kommende tiid allinnich mar mear wurde sil. "Dit zijn nog maar twee scholen. Leeuwarden heeft 60 basisscholen. Ik denk dat er nog veel aanvragen bij komen. De armoede is groot."
De hege ynflaasje soarget foar in hieltyd gruttere groep yn de mienskip foar problemen om rûn te kommen. De ynkomsten en útjeften lizze noch fierder út mekoar as earder. De groep minsken dy't it al dreech hie, krijt no de knoopkes hast net mear by mekoar.
Dat giet om minsken mei in útkearing en lege ynkommens. De ynflaasje makket dy earmoed allinnich mar grutter neffens Smit. "Zo'n tas kost 7 euro. Maar elke euro die het nu meer kost kunnen mensen in armoede niet betalen."
De oerlanging fan in moarnsbrochje © Simone Scheffer
Djazeelah is ien fan de bern dy't ek in tas krijt en is dêr hiel tankber foar. No krijt se moarns iten foardat se nei skoalle giet. Dat is hiel belangryk foar har. "Soms is bij ons de kast leeg en hebben we geen eten, we zijn er erg dankbaar voor, we vinden het heel lief van hen."
Djahzeelah is bliid mei har tas © Simone Scheffer
Earmoed is ek wat direkteur Antonio de Ruiter fan de Mauritsskoalle yn it Ljouwerter Bilgaard sjocht. Neffens him hat de helte fan de bern op syn skoalle it net breed. Hy tinkt ek dat it slimmer wurdt. "In de dertig jaar dat ik in het onderwijs zit, zie ik niet dat het beter wordt. Er zijn steeds meer gezinnen die hulp nodig hebben.
Minsken hawwe lêst fan de ynflaasje:
Neffens De Ruiter is sa'n aksje hiel moai mar net de oplossing. Se omearmje it inisjatyf, mar neffens him moat de oplossing fan in oar nivo komme. "De oplossing moet komen van de politiek." Dy oplossing is der lykwols noch net. Dêrom giet it Reade Krús mei faasje oan de slach mei de tassen fol mei moarnsbrochjes. Se hoopje dat der mear sponsors en donors komme om de aksje goed trochsette te kinnen.