Nij boek oer De Harkema: "De minsken seagen de earmoed yn it gesicht"

Skriuwster Anita Terpstra, oarspronklik fan Hallum, dûkte yn de skiednis fan har foarâlden dy't libben yn de omkriten fan De Harkema. De bewenners fan it saneamde heidedoarp wiene ekstreem earm en libben yn hiel drege omstannichheden.
© Utjouwerij Thomas Rap
Yn de spitketen moasten se sjen te oerlibjen. Terpstra dûkte de argiven yn en fûn dêr in hiel soad ynformaasje oer har foarâlden. In konfrontearjende syktocht. Yn earsten om te ûntdekken hoe slim oft it steld wie mei de omstannichheden dêr't se yn libben en hoe't dêr delsjoen waard op de earme minsken fan dy tiid troch de generaasjes hinne. Dêrnjonken woe se der achterkomme oft se dêrfan ôfstammet.

Net oer de earmoed prate

Anita Terpstra groeide sels net op op De Harkema, mar yn Hallum. Har pake en beppe wienen de lêsten dy't op De Harkema wennen. "Dy hawwe de earmoed noch echt yn it gesicht sjoen. Dêr waard eins noait oer praat yn de famylje."
Anita Terpstra © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Fan hûs út wie der eins gjin kunde by Terpstra oer harren skiednis. Fia in berjochtsje fan in freondinne waard se ynteressearre yn har skiednis. It giet dan benammen oer de froulju yn har stambeam. Dy wienen de dragende krêften, wylst der eins allinnich mar oer de manlju saken bekend binne.

Ynlibje yn wat de minsken meimakken

De ferhalen dy't se fûn, binne basearre op de gegevens yn de argiven. Dêr komt de earmoed foaral yn sifers nei foaren ta, bygelyks troch de meldingen fan earmejild dat har foarâlden krigen, mar ek yn rjochtbankferslaggen: stellerij en ek geweld. Foar Anita reden om te beskriuwen hoe't dy libbens har ûntwikkelen en har yn te libjen yn wat se meimakken.
It boek 'Al mijn moeders' komt op 3 maart út by útjouwerij Thomas Rap.
De heidedoarpen stiene bekend as sedeleas, mei in protte alkoholisme en analfabetisme. Hoe kaam dat en wa naam it foar se op? It docht bliken dat dat hast net dien waard. Se waarden benammen oan har lot oerlitten. De bernestjerte wie hiel grut. Ek by de foarmemmen fan de skriuwster. Yn it boek besiket se yn de hollen en herten fan 'al har memmen' te krûpen.

Werom yn de tiid

Anita Terpstra fynt dat hoe't der no nei earme minsken sjoen wurdt, net folle oars is as doe. De omstannichheden dêr't we yn libje, binne miskien wol better en minsken hoege net mear yn hutten te libjen.
"Somtiden tink ik wol: we gean wer werom yn de tiid. We hawwe no huzen, we hawwe elektrisiteit en we soene gjin earmoed mear hawwe moatte. Mar dat is der wol en de wize wêrop't nei earme minsken sjoen wurdt: se moatte lyts holden wurde. Ik sjoch wol parallellen."
Anita Terpstra oer har boek 'Al mijn moeders'