Eksperimint gemeente Ljouwert: skulden fan hûndert húshâldingen wurde frijskat
Fan hûndert húshâldens yn de gemeente Ljouwert wurdt de skuld kwytskolden. Dêr is woansdeitejûn in klap op jûn yn in online riedsgearkomste.
It giet dan om húshâldens dy't 'om in trochbraak freegje'. Dat stiet yn de fyzje 'Armoede en Schuldhulp' dy't woansdei oannaam is.
Mei it eksperimint ferwachtet it kolleezje fan boargemaster en wethâlders dat ynwenners troch it fuortfallen fan skulden en stress, oan persoanlike doelen wurkje kinne. Dat soe dan wer helpe by it werombringen fan de maatskiplike kosten fan skulden.
Bikkelhurde tasizzing
Ferskate riedsleden hiene noch wol wat kanttekeningen by it eksperimint en woene in moasje yntsjinje. Sa woene de ChristenUnie-, VVD- en CDA-fraksjes graach dat der foarôf mear kaders fêststeld waarden foardat it nije eksperimint úteinset.
Mar nei in twadde 'bikkelhurde' tasizzing fan de ferantwurdlik wethâlder dat er de ried belûke soe by de plannen foar it eksperimint, is de moasje ynlutsen.
Bystân
Twa oare moasjes, oer de bystân, waarden wol oannaam. Dat makket dat it kolleezje no ûndersyk dwaan sil nei opliedingsmooglikheden foar minsken yn de bystân. Dêrneist sil it kolleezje sjen oft it baat hat om minsken yn de bystân diels ta te stean om neist de útkearing te wurkjen.