Noardlike barometer: Friezen noch gelokkich, mar ekonomysk kin it better

De Fryske mienskip docht it op it mêd fan wolwêzen noch hieltyd goed. Mar ekonomysk kin it better en stiet Fryslân net boppe-oan yn Nederlân, sa docht bliken út de ekonomyske barometer fan Noard-Nederlân.
© Shutterstock.com (Jirsak)
De noardlike provinsjes hawwe mei-inoar dizze 'barometer' opsteld, om de situaasje en ûntwikkelingen fan de ekonomy yn it Noarden te beskriuwen. De provinsjes wurde mei-inoar en mei Nederlânske sifers ferlike yn in rapport.
Sektoaren as ynnovaasje, ynternasjonale hannel en de ûntwikkeling fan de beropsbefolking bliuwe yn Fryslân wat efter, sa docht bliken.
Wat opfalt yn it rapport is dat de wurkleazens ôfnaam is en de beropsbefolking tanaam, wylst de trend foar de kommende tiid is dat it tal wurkjenden krekt ôfnimme sil.

De grutte coronaklap bliuwt noch út

Fierder binne de ferwachte hurde klappen troch de coronakrisis útbleaun, ek al binne der wol negative gefolgen fan de pandemy, seit deputearre Friso Douwstra. Oft dy grutter wurde sille, is noch net goed te foarsizzen.
Deputearre Friso Douwstra
Douwstra: "Ik haw gjin glêzen bol, mar ik fyn it wol spannend. As aanst de stipemaatregels ophâlde, belesting werombetelle wurde moat, skulden dy't minsken hawwe en buffers dy't op binne, ensafuorthinne. Hoe komt it dan? Wy sille it sjen."
Friso Douwstra © Omrop Fryslân
De barometer presintearret foar it tredde jier ekonomyske sifers en trends. Noard-Nederlân wurdt ferlike mei de rest fan it lân en binnen it noarden mei Drinte en Grinslân. It is in oanfolling op besteande rapporten en beliedsynformaasje lykas de Staat fan Fryslân oer in soad ferskillende tema's.