Ta de bûse foar kofje: benammen yn supermerk en restaurant

Mealle, filtere of oplost: de priis fan ien fan de meast dronken dranken fan 'e wrâld giet troch it dak. De meast brûkte Arabicabeane is dit jier al 85 persint djoerder wurden.
Kofje mealle mei in apparaat © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
En dat fernimt de Fries op termyn yn de beurs. Neffens kofjesaakkundige Menno Brandsma ha de hegere prizen ferskate oarsaken. "Het zijn problemen over de hele wereld, van lockdowns tot energie-issues of ruzie tussen boeren en de overheid in Vietnam."
Sa soargen earder dit jier drûchte en ûnferwachtse froast yn Brazilië foar in legere risping fan kofjebeane. Lannen yn Súd-Amearika binne by útstek grutte kofje-eksporteurs. Ek de hegere prizen om de beane nei Europa te bringen spylje de kofjeleafhawwer parten.
"Ik verwacht wel dat de koffie duurder gaat worden voor de consument, zowel in de supermarkt als in het restaurant of in het bedrijfsleven", leit Brandsma út. Hy is de eigener fan in kofjegruthannel.
Ik baal van de onvoorspelbaarheid van de markt.
Menno Brandsma
De gruthannel hat in brief útdien nei alle klanten dat se troch ferskate oarsaken de priis omheech dwaan moatte. It sit him net allinnich yn de djoerdere kofjebeane. "Ik baal van de onvoorspelbaarheid van de markt. Wij hebben nu te maken met verpakkingsmaterialen die niet meer leverbaar zijn. Die worden gemaakt van papier. Dat is schaars omdat al het hout door Amerika en China wordt geclaimd. Europa heeft achter het net gevist", seit de kofjehanneler.

Transportkosten 1000% omheech

Dêr't de ferpakkingskosten mei 67% omheech gienen, is it transport fan de beane hielendal in tûkelteam. De transportkosten sa't dy troch Brandsma Koffie Bolsward berekkene binne, gienen mei 1000% omheech. Dat wurdt feroarsake troch in tekoart oan konteners en skippen yn Azië.

Net op himsels

De hegere prizen foar 'in bakje' stean net op himsels. In soad brûkte produkten wurde djoerder. De ynflaasje gie yn novimber mei 5,6 persint omheech yn fergelyk mei novimber ferline jier, meldt it CBS. Dat is it heechste nivo yn dizze iuw. It betsjut dat ús jild minder wurdich is en dat produkten dy'tst keapje wolst 5,6 djoerder binne as deselde perioade in jier lyn.