Kolleezje Ljouwert komt mei nije oanpak om earmoede tsjin te gean

It kolleezje fan Ljouwert wol mei in nije oanpak de earmoede yn de gemeente ferminderje. Der wurdt al jierren besocht wat oan dat probleem te dwaan, mar dat slagget mar net.
© ANP
De nije oanpak rjochtet him ûnder oare op it trochbrekken fan de earmoede fan generaasje op generaasje. Ek wolle boargemaster en wethâlders fan Ljouwert it minsken makliker meitsje fan de skulden ôf te kommen en mear besteanswissigens op te bouwen.
Ynwenners moatte help op maat krije, is de bedoeling. Neffens wethâlder Hein Kuiken moat de gemeente tagonklik wêze foar ynwenners.

Steech probleem

Ljouwert stiet al jierren yn de top tsien fan gemeenten mei de measte earmoede. Ien op de fiif húshâldens hat in leech ynkommen. Skulden feroarsaakje faak wer stress, sûnensproblemen en iensumens.
De sydfleugel fan it Ljouwerter stedhûs © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De gemeente wurket al sûnt 2014 yntinsyf oan de oanpak fan earmoede. Mar yn de praktyk is dat probleem hast net lytser wurden, sa konkludearret it kolleezje.
Der is in dokumint opsteld, de fisy Samen werken aan een armoedevrij Leeuwarden. Dy wurdt foarlein oan de gemeenteried.

Restskuld frijskatte

It kolleezje wol yn de nije oanpak folle mear gebrûk meitsje fan saneamde 'ervaringsdeskundigen', seit wethâlder Kuiken. "Dus mensen die zelf in een armoedige situatie hebben gezeten, die weten wat het is om op die manier te leven en die weten wat mensen bezighoudt."
Ek wurdt der in pilot opset wêryn't de restskuld fan minsken yn in skuldhelpferlieningstrajekt frijskat wurdt, fertelt Kuiken. "Die stress en die druk van het afbetalen van die schuld, ontneemt mensen ook wel gewoon de mogelijkheid om te werken aan de toekomst en het perspectief."
Wethâlder Hein Kuiken