Frysk platfoarm ropt oerheden op minder definsyf nei earmoed te sjen

Likegoed de lanlike oerheid as de gemeenten moatte har mei de ynflaasje mear ynsette om earmoed foar te kommen, seit Douwe Beimin fan it Platform Armoede en Schulden Fryslân.
Douwe Beimin fan it Platform Armoede en Schulden Fryslân (PAS) © Omrop Fryslân, Aise van Beets
It kabinet moat fuortendaalks alle btw en heffings op gas en autobrânstoffen skrasse, fynt Beimin. Dat is in flugge en adekwate oplossing om foar te kommen dat minsken mei in leech ynkommen yn akute problemen komme.
"It kabinet soe it sa dwaan kinne. Op gas en elektrisiteit sitte sa'n 55 persint oan heffings op", seit Beimin. "No hawwe wy aanst miljoenen minsken dy't yn finansjele problemen sitte. Ik hear lûden dat minsken echt net mear útkomme. Wy wolle dêr by de polityk omtinken foar freegje."
Douwe Beimin fan it Platform Armoede en Schulden Fryslân
Earmoed giet net allinne om minsken mei in útkearing, leit Beimin út. "It grutste part fan minsken yn earmoed binne wurkjenden mei in leech ynkommen. Minsken yn de produksje, parttimers, zzp'ers."

"Gemeenten te definsyf"

Net allinne it kabinet, ek de gemeente is te definsyf en te ôfwachtsjend, is Beimin fan betinken. "Gemeenten hawwe ynstrumintaria lykas bysûndere bystân en taslagge-mooglikheden. Mar in soad gemeenten ferskûlje har efter: 'dat mag niet', 'dat valt onder de Rijksoverheid', 'wij voeren geen inkomenspolitiek.' Ik fyn dat je de ferantwurdlikens as gemeenteried hiel breed sjen moatte."
Beimin ropt dêrom de polityk op: "Help dy lju. Gean foar je minsken stean kies foar de minsken oan de ûnderkant fan de mienskip."