Oaljehannel hat te lijen fan oarloch yn Oekraïne: "Dit hat noch nea sa west"

Net allinne de konsumint fernimt de hege oaljeprizen oan de pomp, ek de merk fan tankbedriuwen en oaljehannelers hat te lijen fan de oarloch yn Oekraïne. "Wy fernimme it alle dagen", seit oaljehanneler Harold Veenema.
Oaljehanneler Harold Veenema © Omrop Fryslân
"Sa't it no giet, hawwe wy it noch nea meimakke", jout Veenema oan. Hy is direkteur fan Veenema Olie en eigener fan meardere tankstasjons.
De pomphâlders moatte har prizen bot ferheegje. "Dizze ekstreme tanimmingen yn de priis en de ûnwissens boppe de merk, dat hat noch nea west."

Lytse marzjes

It betsjut ek dat op koarte termyn de marzje ûnder druk komt te stean. Veenema leit út hoe't dat krekt sit: "De gruthannel dy't oan de tankstasjons leveret, keapet yn op basis fan in ynternasjonale yndeks. Dêr spylje allerhanne faktoaren yn mei, lykas de koers fan de dollar."
De prizen rinne bot op:
Sa ek de ûnwissens troch de oarloch yn Oekraïne. "De yndeks giet no sa bot omheech, dat de advysprizen by de tankstasjons it net fuortendaalks folgje. Dus de ynkeappriis giet rap omheech en de pomppriis bliuwt stean. Dat betsjut lytsere marzjes."
De advyspriis fan benzine giet nei sa'n 2,50 euro de liter © Omrop Fryslân
Oan de oare kant is it by de tankstasjons just drokker. "Nei de ynfal fan Ruslân wiene der sels lokaasjes dy't fjouwer kear safolle ferkochten. It nimt noch ta. Minsken wolle noch goedkeap tanke en hamsterje hjir en dêr."
It is in krisis yn de wrâld, dat hat syn wjerslach op ús merk.
Oaljehanneler Harold Veenema
Dochs moat it jild net it wichtichste wêze, sa is Veenema fan betinken. "Ik hoop foaral dat de minsklike trageedzje gau oplost wurdt. Dan sil de merk ek wol wer opknappe, mar net ien kin dat op dit stuit foarsizze. It is in krisis yn de wrâld, dat hat syn wjerslach op ús merk."