Ljouwerter wyksintrum hieltyd drokker mei minsken yn earmoed: "De wanhoop groeit"

Samira Annouri pakt it guod yn © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Hieltyd mear minsken kinne de holle net mear boppe wetter hâlde. Neffens it Centraal Planbureau komme 1,2 miljoen húshâldens yn de problemen troch de heger wurdende prizen.
Dat fernimme se ek by wyksintrum Heechterp/Schieringen yn Ljouwert dêr't it hieltyd drokker wurdt, seit foarsitter Samira Annouri. "De wanhoop groeit met de dag."

Smelle beurs

In hege ynflaasje, enerzjyprizen dy't omheech geane, djoere boadskippen, in soad minsken yn de wyk Heechterp/Schieringen wurde troffen. Hjir wenje in soad Ljouwerters mei in smelle beurs.
"Ze kloppen steeds vaker bij ons aan. Gewoon omdat ze weten dat ze hier geen moeilijke vragen krijgen van ambtenaren, maar met mensen te maken hebben die in hetzelfde schuitje zitten of hebben gezeten", vertelt Annouri. "Ze weten niet meer of ze elke dag te eten hebben."

Lije ûnder skulden fan âlders

Minsken mei hege need kinne by it wyksitrum boadskippen krije en foar bern is der wat spesjaals betocht mei it Reade Krús. "We hebben hier ontbijttassen. Daar zit een brood in, melk, groente en fruit, bedoeld voor de kinderen zodat ze kunnen ontbijten en eten mee kunnen nemen naar school. Als we dit niet doen, gaan ze met een lege maag van huis."
It giet Annouri oan it hert hoe't de bern lije ûnder de skulden en minne situaasjes fan harren âlden. "Zij kunnen er niks aan doen."
De ynhâld fan it pakket © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Annouri is benaud dat it noch slimmer wurdt. Dat fernimt se ek sels. Se hat trije dochters. "Als ik boodschappen doe, zie ik dat de prijzen enorm zijn gestegen. Je koopt alleen het noodzakelijke. Vroeger was ik in een half uurtje klaar, nu struin ik een uur door de winkel omdat ik op alle prijzen en aanbiedingen moet letten."
Se fynt it ûnbegryplik dat safolle minsken yn in ryk lân as Nederlân yn earmoed libje moatte. "Helaas wordt dat vaak niet gezien. Hier in het wijkcentrum gelukkig wel want we weten wat het is."