FIDEO: Buro de Vries yn it ramt fan earmoed en kânse-ûngelikens
It programma Buro de Vries stie hielendal yn it ramt fan earmoed en kânse-ûngelikens
It radioprogramma Buro de Vries wie snein in tema-útsjoering: it gie folslein oer earmoed en kânse-ûngelikens. Der sieten trije gasten yn de studio.
Oan tafel sieten wethâlder Hein Kuiken fan de gemeente Ljouwert, koödinator Senan Hubanic fan netwurksintrum Oud-Oost en Douwe Beimin fan Platform Armoede en Schulden Fryslân. Yn it publyk sieten minsken dy't ûnderfining hawwe mei earmoed en dy't harren ferhalen fertelden yn de reportaazjes dy't foarbykamen.
De ôfrûne moannen wiene yn Buro de Vries al de ferhalen te hearren fan de minsken fan De Klomp: it netwurksintrum fan de wyk Oud-Oost dêr't minsken in plak hawwe dêr't se har thús fiele, aktiviteiten dwaan kinne en wurdearring krije as frijwilliger.