Hûnderten euro’s besparje op ferwaarming? Mei dizze tips komst in hiel ein
It is folop hjerst, it kwik bûten giet omleech. Hoe hâldst it yn 'e hûs noflik waarm sûnder in soad jild út te jaan? Wy fregen it oan twa saakkundigen.
De enerzjyprizen binne op dit stuit heech en dus kostet it mear jild om it hûs te ferwaarmjen.
Faak komme minsken pas yn aksje as it eins al te let is, sjogge enerzjycoaches.
Dat wie goed te fernimmen mei de enerzjykrisis fan 2022. Doe skeaten de enerzjyprizen omheech troch de Russyske ynfal yn Oekraïne. Minsken begûnen harren hûzen te isolearjen en kochten waarmtepompen.
"Waarschuwingen van diverse instanties laten zien hoe kwetsbaar ons energiesysteem is", skriuwt it Kenniscentrum Duurzaam Leven op harren website.
"Zolang we voor het verwarmen van onze woningen grotendeels leunen op aardgas uit het buitenland, blijven we gevoelig voor internationale spanningen."
Wurdfierder Josien Jacobs fan it kennissintrum somt in pear tips op om sa min mooglik enerzje te fergriemen.
Alderearst binne in tekkentsje op 'e bank en in waarme trui altyd in goed idee. "En het loont echt om slim te verwarmen", seit Jacobs fierder.
"De thermostaat hoeft niet de hele dag op 20 graden te staan. Een graad minder kan ook prima."
Dy iene graad ferskil kin neffens de webside fan it kennissintrum samar 170 euro yn it jier skele.
It ferwaarmjen fan it hûs is nammentlik goed foar 72 persint fan it gasferbrûk.
Besparring sit net yn itensieden
Itensiede is goed foar mar trije of fjouwer persint fan it gasferbrûk. De rest giet op oan waarm wetter.
"Koken is dus eigenlijk peanuts vergeleken met het verwarmen van je huis."
It is boppedat wichtich om allinnich de romten te ferwaarmjen dêr'tst it grutste part fan de tiid trochbringst en doarren goed ticht te hâlden.
De ferwaarming yn 'e hal hoecht echt net oan, omdatst der wierskynlik allinnich út en troch koart bist.
De cv-tsjettel ferwaarmet wetter faak standert oant 80 graden.
"Maar in de meeste gevallen kan de cv-ketel ook op 60 graden worden ingesteld. Meestal is dat voldoende, zeker als je huis goed geïsoleerd is."
Enerzjycoach Súdwest-Fryslân
Enerzjycoach Johan Broeren fan de gemeente Súdwest-Fryslân komt fergees by minsken oer de flier en besjocht by elk húshâlden it enerzjyferbrûk.
Hy jout op basis dêrfan praktyske tips en nimt lytse maatregels. Hy advisearret ek oer subszydsjeregelingen.
Minsken moatte net allinnich nei de kosten sjen, mar ek nei de baten.
"Der is fansels in ferskil tusken minsken mei in hierwenning en in keapwenning. Hierders binne ôfhinklik fan de ferhierder, mar se kinne wol lytse maatregels nimme om enerzjy te besparjen."
Broeren jout harren tips, lykas it regelmjittich ûntluchtsjen fan it systeem en it kontrolearjen oft de druk yn de cv-ynstallaasje tusken de ien en twa bar leit.
Koarter dûse en allinnich romten ferwaarmje dêr'tst it meast bist, helpe ek.
"Minsken mei in eigen wenning kinne ynvestearje yn bygelyks isolaasje fan de flier, de spoumuorre, de souder, yn glês en in waarmtepomp."
Wat smyt it op?
Yn de measte gemeenten kinne minsken fia subsydzjes sa'n tritich oant fjirtich prosint fan harren ynvestearring weromkrije, seit Broeren.
"Mar se moatte net allinnich nei de kosten sjen, mar ek nei wat it opsmyt. Sjoch hoefolle ofsto alle jierren besparje kinst en wat dat oer in perioade fan fyftjin jier opsmyt."
Geane minsken nei in besite fan Broeren ek echt oan 'e gong?
Neffens de enerzjycoach wurde yn 98 prosint fan de gefallen nei syn advys konkrete stappen set.
Broeren begeliedt minsken by by it hiele trajekt, fan it oanfreegjen fan offertes oant de úteinlike ôfhanneling.
Enerzjycoaches
Alle achttjin gemeenten yn Fryslân hawwe in enerzjycoach. Fjirtjin gemeenten hawwe dêrneist in subsydzjeregeling.
Wolsto witte wat der yn dyn gemeente mooglik is? Nim dan kontakt op mei it klantekontaktsintrum fan de gemeente.