Boerinne Welmoed wer thús nei aventoer yn Nij-Seelân: "Net alles is leuk"
Ferline jier setten Welmoed Deinum, har man Jouri en lytse Wieteke fol goede moed ôf nei Nij-Seelân om dêr in nije takomst op te bouwen. Mar it rûn oars en no binne se werom yn Fryslân.
Se wienen op fakânsje yn Nij-Seelân, seagen in moai beskikber melkfeebedriuw en doe begûn it te kribeljen. In takomst yn Nij-Seelân, soe dat foar harren wêze?
Se weagen de stap en setten yn 2025 ôf nei Nij-Seelân om dêr as boer in takomst op te bouwen.
Oeral is wol wat
Yn it begjin wie it prachtich en genoaten se folop, mar, sa seit Welmoed: "We kamen der al gau achter dat ek yn Nij-Seelân net alles leuk is, dêr wienen ek minder moaie dingen dêr't we tsjinoan rûnen."
Welmoed waard al gau ûnwennich, mar woe ek net samar opjaan. Se wienen net foar neat dy kant útgien.
It brekpunt kaam yn febrewaris fan dit jier, doe't se nei 20 wiken swangerskip in miskream krige.
We ferlearen ús famke Jorieke, mar it koste mysels ek hast it libben.
Welmoed ferlear by de operaasje dy't nedich wie nei de miskream safolle bloed dat se even yn koma rekke.
"We ferlearen ús famke Jorieke, mar it koste mysels ek hast it libben."
Har lichem hat dan ek in flinke knoei krigen, ek al is se no wer goed opknapt.
"Op sa'n momint wolst minsken om dy hinne hawwe om dyn ferhaal yn dyn eigen taal kwyt te kinnen", seit Welmoed.
"It ferlies fan lytse Jorieke hat ús wol dúdlik makke dat we it beslút nimme moasten."
Jouri wie fan har beiden dejinge foar wa't it de grutste dream wie om nei Nij-Seelân, mar úteinlik hawwe se tegearre it beslút naam om werom te gean nei Fryslân.
Dat beslút wie net sa maklik, want se wisten: as we no weromgean, is it echt definityf foarby mei dit aventoer.
It libben is te koart om ûngelokkich te wêzen.
Se misten hiel bot de achterfang dy't se yn Fryslân wol hienen en kamen ta de konklúzje dat se te folle misten om yn Nij-Seelân te bliuwen.
"It libben is te koart om ûngelokkich te wêzen", seit Welmoed.
Nei't it beslút nommen wie, kamen se yn maaie werom nei Fryslân, dêr't harren in waarm wolkom wachte.
Se wurdearje de lytse dingen fan Fryslân no folle mear as earder, mar moasten oan oare dingen ek wol wer wenne.
Welmoed en Jouri buorken earder tegearre mei de âlders fan Welmoed op de famyljepleats, mar dat dogge no har suster en sweager.
Jouri en Welmoed sykje dêrom om in melkfeebedriuw. "Mar beslist yn Fryslân!", wit Welmoed no.