Omrop Fryslân

Deropút dit wykein? Dit is der te dwaan yn Fryslân

Novimber is keunstmoanne op It Amelân
© Unsplash/Julia Taubitz
Op It Amelân iepenje se de Keunstmaand Ameland. Yn Thialf giet it reedrydseizoen 2026/2027 los. En yn it Hannemahuis yn Harns hawwe se in farske tentoanstelling.
Nije saken dit wykein, mar hast leaver wat âlds, dan kin dat ek. In lêzing yn Burgum oer fjoerstien bygelyks. Of de Nacht van de Nostalgie yn Snits.

Kwalifikaasjetoernoai yn Thialf

Yn Thialf op It Hearrenfean stride de Nederlânske reedriders dit wykein om startbewizen foar de wrâldbekerwedstriden. Dêr binne der dit seizoen seis fan, mei as earste in toernoai yn Beijing.
Yn Thialf giet dit wykein it reedrydseizoen los
© OrangePictures
Op It Hearrenfean komme de bekende riders yn aksje, mar kinst ek nije nammen oanmoedigje. De froulju ride ûnder oare de 500 en 3.000 meter, de manlju de 5.000 en 10.000 meter.
De wedstriden binne op freedtejûn en sneon- en sneintemiddei. It hiele programma en alle dielnimmers fynst op dizze webside. Dêr keapest ek de kaarten.

Boekemerk yn Winsum

Yn Winsum hâlde se sneon in boekemerk, mei in breed oanbod: "Romans, thrillers, literatuur, Frysk, maar ook een afdeling groen, dieren, hobby, sport, theologie, buitenlands en curiosa."
De opbringst giet nei lokale doelen
© Unsplash/Ariel Automat
Dêrneist binne der "heel veel verschillende naslagwerken" en kinst puzels, cd's en dvd's ferwachtsje. De opbringst fan de merk giet nei de Anna Tsjerke en nei de doarpskrante yn Winsum.
Fynst de boekemerk yn de Anna Tsjerke oan de Spannumerdijk 3. Kinst derhinne fan 09.00-12.30 oere. Op dizze webside stiet mear ynformaasje.

Kuiertocht by Ljouwert

De Groene Ster en Grote Wielen oan de eastkant fan Ljouwert binne sneon de lokaasje foar in kuiertocht: de Buuten Kuier. Kinst kieze foar in rûte fan tolve of fan tweintich kilometer.
De Himriksmole yn de Griene Stjer by Ljouwert
© Omrop Fryslân
Komst dêrby oer sawol ferhurde as ûnferhurde stikken, diels ek fan organisaasjes en bedriuwen dy't by Buuten Leeuwarden oansletten binne. Moatst dy wol fan tefoaren oanmelde.
Dat oanmelden dochst op dizze webside. Starte foar de tweintich kilometer kin fan 09.00 oere ôf, foar de tolve kilometer fan 10.00 oere ôf.

Bradery yn Wolvegea

De ûndernimmersferiening fan Wolvegea organisearret sneon in bradery yn eigen doarp. En dy hat in passend tema, ast sjochst nei de dei dat er hâlden wurdt: Halloween. Dat fynst werom yn de aktiviteiten.
Halloween is it tema fan de bradery
© Unsplash/Kateryna T
Sa is der strjitteäter yn Halloweensfear en "kunnen kinderen zich lekker griezelig laten schminken". En fansels binne der kreamen mei in ferskaat oan produkten, it is net foar neat in bradery.
Kinst nei de Halloweenbradery fan 10.00-17.00 oere, de winkelstrjitte is de lokaasje. Mear ynformaasje fynst op dizze Facebookside.

Iepen dei Jouster Toer

It kariljon yn de Jouster Toer is restaurearre en dat wurdt sneon fierd mei in iepen dei. Dêrby kinst it kariljon besjen en belústerje. Dêrneist is de rjochtskeamer yn de toer iepen en krijst in wiids útsicht.
De dei is fanwegen it restaurearre kariljon
© Lennard Jan Geerts
It kariljon sit sûnt 1953 yn de toer, De Jouwer krige it skonken fan de bekende kofjemakker yn it doarp fanwegen dy syn twahûndertjierrich bestean. It spilet alle healoeren in koarte melody.
De iepen dei is fan 10.00-16.00 oere. Fynst de Jouster Toer oan de Midstrjitte 67. Op dizze Facebookside stiet mear ynformaasje.

Eksposysjes yn it Ljouwerter HCL

Yn it Historisch Centrum Leeuwarden kinst de kommende dagen noch twa eksposysjes besjen: Nooit gebouwd Leeuwarden en Moord en ander ongemak in Leeuwarden. Ek dit wykein is it iepen.
Makettes by de eksposysje expositie Nooit gebouwd Leeuwarden
© Omrop Fryslân, Dennis Terpstra
Yn de earste eksposysje sjochst gebouwen dy't ea ûntwurpen waarden om yn Ljouwert del te setten, mar der nea kamen. De twadde waard gearstald troch âld-resjersjeur Henk Dillerop.
It HCL fynst oan de Groeneweg 1. Beide eksposysjes rinne noch oant en mei 8 novimber. Op de webside fan it sintrum stean de iepeningstiden.

Blaasmuzyk op It Hearrenfean

Seis muzykferienings út de gemeente Hearrenfean fersoargje alle jierren in mienskiplik muzykfestival. Ek dit jier stiet it op it programma, no sneon fynst de seis op It Hearrenfean.
It konsert wurdt jûn troch muzykferienings
© Unsplash/Nurul Kamariah
Brassband Advendo fan Aldskoat docht dit kear de organisaasje. In oare muzykferiening dy't op it festival te finen is is de hûndertjierrige De Vrije Fries fan Ald- en Nijhoarne.
It Federatie Festival begjint om 19.30 oere en is yn De Rinkelbom oan de Zwanedrift 2. De tagong is fergees. Op dizze webside fynst mear ynformaasje.
Op De Jouwer kinst nei in konsert mei filmmuzyk troch it Jouster Fanfare Orkest, pianist Tobias Borsboom spilet yn Beetstersweach en A Tribute to John Denver fynst op De Gordyk.

Ekskurzje yn it Fochtelerfean

It is ien fan de lêste stikken libben heechfean, it Fochtelerfean. Snein kinst mei in gids fan Natuurmonumenten op ekskurzje yn it gebiet. Mei ûnder it gers in dweiltrochwiete feanlaach.
Nij fean yn it natuergebiet
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Dy is "zo vochtig, voedselarm en zuur dat er geen boom kan groeien". Wat der wol groeit is alle seizoenen oars. De gids fertelt ek oer it wurk dat dien wurdt om it gebiet wiet te hâlden.
De ekskurzje begjint om 10.00 oere en duorret twa oeren, yn dy tiid rinst sa'n fiif kilometer. Oanmelde kin fia dizze webside.

Hannelstentoanstelling yn Harns

Harlingen en de Oostzeevaart, sa hyt de tentoanstelling dy'tst sûnt koart besjen kinst yn museum it Hannemahuis yn Harns. De eardere hannel mei lannen yn it Baltysk gebiet stiet dêrby sintraal.
Detail fan in skilderij op de tentoanstelling
© Eigen foto
De tentoanstelling nimt dy mei op de reizen. Dêrby waarden benammen graan en hout ophelle. Sjochst ûnder oare in model fan in skip dêr't dat mei dien waard en navigaasje-ynstruminten.
It Hannemahuis fynst oan de Voorstraat 56. De iepeningstiden en mear ynformaasje stean op dizze webside. De tentoanstelling rint oant ein febrewaris.

Kunstmaand Ameland

Novimber begjint snein en dat betsjut ek dat op It Amelân de jierlikse keunstmoanne útein set. Fynst de keunst ferspraat oer it eilân. Dêrneist binne der de hiele moanne bypassende aktiviteiten.
Wurk by in eardere edysje fan de Kunstmaand
© Eigen foto
Sa kinst nei workshops, konserten, lêzingen en rûnliedingen. It giet om de tritichste edysje fan it evenemint, tritich keunstners dy't yn dy perioade meiwurken hawwe opnij wurk levere.
Alle ynformaasje oer Kunstmaand Ameland fynst op de byhearrende webside. Tink der wol om dat op moandei de measte lokaasjes ticht binne.

Van Jager tot Boer-lêzing yn Burgum

Ald-konservator fan it Drents Museum en fjoerstienspesjalist Jaap Beuker komt snein nei Burgum foar in lêzing. Dy hat de titel "Van Jager tot Boer met Buitenlandse Betrekkingen" krigen.
It Observeum yn Burgum dêr't de lêzing is
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
Beuker fertelt oer de jacht dy't yn de nije stientiid plakmakke foar lânbou. Dat betsjutte ek in feroaring yn it ark fan fjoerstien dat yn dizze tiid brûkt waard. Dêr ûntstie ek in hannel yn.
De lêzing is yn it Observeum oan de Menno van Coehoornweg 9 en duorret fan 14.00-16.00 oere. Mear ynformaasje en de kaartferkeap fynst op dizze webside.
Yn Riis kinst nei in lêzing fan Arnoud van de Ridder. Hy skreau it boek Huize Rijs en haar Personeel. Hy fertelt oer de oanfollings dy't er op it boek krige.

Nacht van de Nostalgie yn Snits

De Nacht van de Nostalgie, sa hyt it konsert dêr'tst snein yn Snits hinne kinst. Dy titel dekt net hielendal de lading. Fan in nacht is gjin sprake, it konsert is middeis. Nostalgysk wurdt it wol.
Imca Marina is ien fan de artysten by de 'nacht'
© Eigen foto
Want kinst optredens ferwachtsje fan Imca Marina, Ben Cramer, Astrid Nijgh, Jacques Herb en Ria Valk. "U wordt in één klap teruggevoerd naar de mooiste muzikale momenten van vroeger."
De Nacht van de Nostalgie is yn Theater Poort oan de Westersingel 28. It begjint om 14.30 oere. Kaarten keapest op de webside fan Poort.

De stem fan Sheherazade yn Ljouwert

In kombinaasje fan klassike muzyk en ferhalen fynst snein yn Ljouwert. Dêr fersoarget De Nije Symfony de foarstelling De stem fan Sheherazade. Dy kenst miskien út Duizend-en-een-nacht.
It orkest fan De Nije Symfony wurket ek mei
© Unsplash/Guy Basabose
Sintraal stean de ferhalen fan trije froulju. "Net als Sheherazade lieten zij zich niet de mond snoeren door overheersende mannen." Ek hearst it muzykstik fan Nikolaj Rimski-Korsakov oer har.
De foarstelling is yn De Harmonie oan it Ruterskertier 4 en begjint om 15.00 oere. Mear ynformaasje fynst op dizze webside. Nije wike kinst yn Drachten nei de foarstelling.
A capella-koar Melomania fiert syn 25-jierrich bestean mei in konsert op De Gordyk. Ek Piter Wilkens wurket deroan mei

Mear aktiviteitetips

Tips foar aktiviteiten krigest ek alle sneonen yn ús programma Op en Ut, tusken 09.00 en 12.00 oere. Se stean ek yn ús kultueraginda.
Wolst ús tippe oer in aktiviteit? Dat kin fia de mail.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.