Omrop Fryslân

"Daar was ik niet zo blij mee": Bennie Jolink ferlear in tosk op it Veenhoop Festival

Veenhoop Festival 2026
© Omrop Fryslân
It Veenhoop Festival bestiet 75 jier. FryslânDOK dûkt yn de skiednis fan in festival fan boeren, wrâldstjerren, bierdûsen en tradysjes.
Boney M., Meat Loaf, Joe Cocker en Status Quo kamen nei de Fryske polder. It wie it wurk fan âld-programmeur Bauke Algera.
De grutte artysten joegen De Veenhoop lanlike bekendheid, mar it festival waard like bekend én berucht om wat der foar it poadium barde: bier fleach troch de loft en T-shirts waarden fan de liven lutsen.
In wûnderlik tafriel foar Status Quo-frontman Francis Rossi: "It frjemde oan de Nederlanners is dat se allegear superfans wiene, mar tagelyk sa dronken waarden dat se eins neat mear fan it optreden heuge koene."
Francis Rossi fan Status Quo
© Omrop Fryslân
Dat it âldste muzykfestival fan Nederlân sokke grutte nammen op it poadium krije soe, hie gjinien foarsizze kinnen.
Ek âld-organisator Siebe Arends (85) net. Hy wie derby doe't it evenemint yn de jierren 50 begûn as sportfeest fan de lokale kuorbalferiening.
It feest draaide doe om toaniel, dûnsjen en kuorbal.
Doe't de jeugd minder belangstelling foar toaniel krige, besleat de feestkommisje yn de jierren sechtich mear bands te freegjen. It doarpsfeest groeide út ta in popfestival.
Siebe Arends
© Omrop Fryslân
Arends wennet noch altyd by de pleats, tsjintwurdich yn in kontenerwenning dy't wat wei hat fan in caravan op it festivalterrein.

Normaal en de bierdûs

De Veenhoop stiet bekend om syn tradysjes, sa as biergoaie. Mar wêr komt dat wei?
Neffens sjonger Bennie Jolink leit de oarsprong fan de tradysje by syn band Normaal, dy't 39 kear op Veenhoop stie.
De tradysje ûntstie om de twadde single fan Normaal hinne. Om de opnamen fan it ferneamde telefyzjeprogramma TopPop wat libbener te meitsjen, dielde de manager bier út en liet er it troch it publyk nei it poadium spuitsje.
Net alle artysten wiene bliid mei dy tradysje.
Emiel Stoffers, sjonger fan De Hûnekop, hat ris besocht yn te gripen.
De Hûnekop op de Veenhoop yn 2026
© Omrop Fryslân
"By in optreden fan Jelle B. wiene troch bier út it publyk al twa gitaren stikken gien", seit Stoffers.
"Ik warskôge: as der noch ien drip bier op in gitaar komme soe, soe De Hûnekop net mear spylje. Dat holp gelokkich, it publyk hold op."

T-shirts en de tosk fan Bennie

Net allinnich it biergoaien, mar ek it skuorren fan T-shirts komt neffens Jolink út Brabân.
Bennie Jolink
© Omrop Fryslân
Ronnie Degen, âld-manager fan Normaal, werkent dat út de Peel.
"Daar werden shirts van het lijf gescheurd, aan elkaar geknoopt en gebruikt om touwtje te springen."
Foar Jolink hie dat fysike gefolgen.
"Van natte, aan elkaar geknoopte shirts werden zware ballen gemaakt, die naar het podium werden gesmeten. Een van die ballen raakte mijn microfoon, die tegen mijn voortanden sloeg. Een tand kwam los te zitten en uiteindelijk had ik een brug nodig. Daar was ik niet zo blij mee."
Jolink fertelt deroer yn de FryslânDOK, dy't hjirûnder te sjen is:
Mar de Veenhoop is mear as in rûch feestje. FryslânDOK kaam yn kontakt mei Thomas Poortman.
Syn heit wie in fanatike besiker fan it festival en hat syn belibbing fêstlein op analoge 8mm-film.
Thomas Poortman yn '75 jier Veenhoop Festival'
© FryslânDOK
Foar Poortman hawwe it festival en dy bylden ekstra betsjutting.
"Myn âlden hawwe inoar troffen op De Veenhoop. Sûnder it festival hie ik der miskien sels net iens west."

Mear as bier en T-shirts

Peter Huijskes fan it Veenhoop Festival fynt it spitich dat it yn de media altyd mar wer oer biergoaien en T-shirtskuorren giet.
"It feest is folle mear as dat. Wy wolle ôf fan it touspringen mei T-shirts. It liket ûnskuldich, mar je kinne raar telâne komme. Ferline jier hiene we noch in frou mei in brutsen heup!"
De camping by it Veenhoop Festival 2026
© Omrop Fryslân
"Veenhoop is in unyk plak foar freonegroepen dy't generaasjes weromgeane", seit Huijskes.
"Maar ook de traditie om met vrijwilligers elke keer weer een fantastisch feest neer te zetten, maakt het bijzonder. Dat maakt ons niet alleen trots, maar versterkt ook de band met het dorp. En dat is het mooie en unieke aan 75 jaar Veenhoop Festival."

75 jier Veenhoop Festival, boererock weagjend op it fean

Wolst mear witte oer 75 jier Veenhoop Festival? De FryslânDOK fan Herman Zeilstra lit it sjen.
De dokumintêre is hjirboppe of op fryslandok.nl te sjen. De tv-útstjoering is op:
  • Sneon 31 oktober 15.30 oere op NPO 2;
  • Snein 1 novimber 13.15 oere op NPO 2 en om 17.00 op Omrop Fryslân.
Wolst mear dokumintêrenijs? Abonnearje dy hjir op de FryslânDOK-nijsbrief.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.