Omrop Fryslân

Jildou Hoekstra sit nei slopende sykte dochs by de nasjonale top: "In trochsetter"

Jildou Hoekstra wit net wat se meimakket as se oer de finish komt
© Orange Pictures
Reedrider Jildou Hoekstra kwalifisearre har ferrassend foar de wrâldbekerwedstriden. Foar har is it in ekstra bysûndere prestaasje, want de 23-jierrige fan Jislum komt út in lang trajekt fan sykte en tsjinslaggen.
"Echt bizar dit", seit Hoekstra sneon nei ôfrin fan har rit.
Sy hat krekt yn har twadde omloop op de 500 meter in tiid fan 37,62 sekonden riden en komt dêrmei binnen op it fiifde plak yn it einklassemint.
Dat is genôch foar in startbewiis op de wrâldbekers. De sprinter stiet mei in grutte glim foar de kamera.
"Ik hie hjir sels eins gjin rekken mei holden. Je hoopje it fansels wol, mar ik tocht gewoan ramme en dan sjogge we wol wat der bart."
Jildou Hoekstra is wiis mei de stipe fan har famylje
Foar Hoekstra is de oerwinning ekstra grut. Al sûnt de junioaren jildt sy as in grut sprinttalint en hellet se titels binnen.
Yn 2023 feroaret har libben yngripend as se problemen mei it liif krijt.
Op it momint dat sy de stap nei it reedriden by de professionals meitsje wol, is sy rap bûten azem en fielt sy har lusteleas.
Nei ferskate ûndersiken is der min nijs foar Hoekstra. Troch oerbelêsting wurket har skyldklier net goed en moat sy rêst hâlde.
Sy is útputte en kin kwealik in healoerke rinne. Jierrenlang stiet se oan de kant en moat se alles wer opbouwe.

Trochsette

Se stapt op 'e fyts en begjint letterlik mei in kertierke traapjen. Dochs set se troch en berikt se úteinlik wer har âlde nivo.
Yn Thialf berikte se sneon mei har kwalifikaasje foar de wrâldbekers fan 2026-2027 in hichtepunt yn har karriêre.
Se makket de kommende moannen har debút yn de ynternasjonale topwedstriden.
"Ik ha it feestje efkes fierd mei de famylje fansels. Se sitte hjir op de tribune en ha der al dy jierren altyd foar my west. Dit is foar harren ek geweldich."
Hoekstra krijt in tút fan har freon en reedrider Kayo Vos
© Orange Pictures
Hoekstra rydt dit jier foar it earst by Team Staan CTS Group, dêr't coach Ian Steen syn pupillen besiket klear te meitsjen foar de wrâldtop.
"Jildou is in enoarme trochsetter", seit Steen. "Sy hat bot pech hân yn har karriêre en in lang trajekt folge om wer werom te kommen."
By har eardere ploech, Gewest Fryslân, boude Hoekstra stadichoan har karriêre wer op.
De oerstap nei Staan moast har tichter by de wrâldtop bringe. De ploech woe it talint dat Hoekstra as junior sjen litten hie, fierder ûntwikkelje.
"Wy hiene wol tocht dat se takom jier meidwaan soe om de wrâldbekertickets, mar net dat it no al wêze soe. It is har hiel bot gund, want sy hat der sa hurd foar wurke."
Coach Ian Steen fynt syn pupil in enoarme trochsetter
Foar Team Staan CTS Group hâldt it sukses net op by de pleatsing fan Hoekstra. Ek Amber Duizendstraal ried harsels by de earste fiif.
Al yn har earste omloop kaam de hikke en teine Ljouwerter ta in tiid fan 37,38 sekonden. De 22-jierrige debutearret lykas har teamgenoat Hoekstra yn it wrâldbekertoernoai.
"Ik kreeg bij de lunch echt geen hap door mijn keel", seit Duizendstraal oer har race. "Zo spannend was het. Toen ik de zaal in liep, gleed dat wel van me af en kon ik gewoon mijn ding doen."
De Ljouwerter hie al rap yn de gaten dat de tiid goed wie, al moast der noch in twadde omloop komme. De 500 meter wurdt twa kear riden en de bêste tiid telt.
Amber Duizendstraal komt yn ekstase oer de finish
© Dijks Media
Duizendstraal besocht har eigen tiid te ferbetterjen, al wie dat net mear nedich. Uteinlik ried allinne Femke Kok rapper.
"Nu ga ik de wereld over naar continenten waar ik überhaupt nog nooit geweest ben. Echt geweldig."
De kwalifikaasje foar de 500 meter op de wrâldbekers is dus in Frysk feestje wurden. Fjouwer fan de fiif kwalifisearre riders komme út ús provinsje.
Hoekstra en Duizendstraal krije selskip fan Femke Kok en Suzanne Schulting.

Wrâldbekers

De kommende moannen wurde de wrâldbekers riden yn Beijing (Sina), Obihiro (Japan), It Hearrenfean en Stavanger (Noarwegen).
De wrâldbekersearje begjint takom wike mei de earste wedstriid yn Sina.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.