Fryske aksjekomeedzje Stjer yn premjêre yn Dútslân

De Frysktalige film Stjer wurdt ein dizze moanne yn Dútslân fertoand op it Friesendroapen, in kultureel treffen fan Friezen út ferskate regio's.
Emiel Stoffers spilet de haadrol yn de film © Stjer
De fertoaning fan de aksjekomeedzje fan De Hûnekop en regisseur Janko Krist is ien fan de programmaûnderdielen fan it Friesendroapen, in evenemint dat ien kear yn de trije jier holden wurdt. Ynwenners fan East-, Noard- en Westerlauwersk Fryslân moetsje elkoar dêr.
East- en Noard-Fryslân binne gebieten yn Dútslân. De provinsje Fryslân wurdt yn relaasje mei oare Fryslannen ek wol Westerlauwersk Fryslân neamd.
Stjer gong op 6 septimber yn premjêre yn Fryslân. It wie de earste Frysktalige bioskoopfilm yn tweintich jier. Yn syn earste moanne, wie it de bêst besochte film yn de Fryske bioskopen.
De film is mei-inoar sa'n 15.000 kear besjoen yn de bioskoop en online ek noch 3000 kear, fertelt Hûnekopsjonger Emiel Stoffers. No noch wurdt de film online sawat 100 kear yn de moanne besjoen.
Filmmakkers Janko Krist, Emiel Stoffers en Jeroen Seinstra by de premjêre © Leo Middelsé
De film, wêryn't in searjemoardner it fersjoen hat op Fryske artysten, wurdt foar it Friesendroapen spesjaal ûndertitele yn it Dútsk. Earder krige de film al Nederlânske ûndertitels, foar in fertoaning yn Grins.
In Amerikaanske remake, dat liket my wol wat.
Emiel Stoffers, sjonger/gitarist fan De Hûnekop
Hûnekopsjonger Emiel Stoffers is bliid mei de fertoaning yn Dútslân. "Dy film giet aanst firaal. It skript is bêst wol goed. Ik hoopje dat se yn Hollywood ús skript keapje. In Amerikaanske remake liket my wol wat."
Emiel Stoffers
Op it treffen draait ek de film 'Der Krug an der Wiedau', de earste Noardfryske film ea. Dat is in film yn fiif talen: it Noardfrysk, Suderjysk (Súd-Jutlânsk), Platdútsk, Deensk en Dútsk.
Fierder komt de Fryske folkband Baldrs Draumar nei it Friesendroapen om in nij Ynterfrysk Liet te spyljen. It doel fan dat Liet is om de ferbining tusken de ferskate Fryslannen te fergrutsjen.
It treffen tusken de trije Fryslannen is fan 20 oant en mei 22 maaie op Helgolân, in eilân yn de Noardsee. It Friesendroapen wurdt al sûnt 1962 organisearre.