Popprijs foar Friesland Pop-direkteur Sjouke Nauta, Stjer krijt publykspriis

De Friese Popprijs 2021 is foar Sjouke Nauta, de ôfskied nimmende direkteur fan Friesland Pop. Hy krige de priis by de Friese Popawards as wurdearring foar syn jierrenlange ynset foar de Fryske muzykwrâld.
Sjouke Nauta © Omrop Fryslân
Friesland Pop rikt de priis alle jierren út oan in persoan of groep dy't it meast betsjut hat foar de Fryske popkultuer. Nauta is sûnt 1992 aktyf by Friesland Pop en sûnt 2009 direkteur.
De beleanning fielde wat frjemd, joech Nauta fuortendaliks ta. "Ik heb zoveel lol beleefd aan de dertig jaar dat ik hier aan het werk ben geweest. Dan voelt het wat raar om daar een prijs voor te krijgen. Voor mij was de prijs al dat ik het werk dertig jaar lang mocht doen."

Jild giet nei De Ooievaar

By de Friese Popprijs heart ek 1.500 euro. Dat jild jout Nauta fuort. "Friesland Pop organiseert deze awards. Om dan met deze hoofdprijs naar huis te gaan, vind ik niet helemaal correct."
Sjouke Nauta krijt de priis © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Hy wit al in plakje foar it jild. "Aan het begin van mijn carrière ben ik hier beland door allemaal mensen die gratis hebben gewerkt bij stichting De Ooievaar. Daarom wil ik het geld aan die initiatiefgroep geven. "

Grutsk op Fryske muzykwrâld

As Nauta werom tinkt oan mominten dy't him by bleaun binne, dan komt it festival Frozenland nei boppen. "Dat hebben we in 1998 georganiseerd en was best groot voor zo'n relatief kleine organisatie. Tot dat moment dacht ik dat ik alles wel kon. Maar toen ben ik er ook wel achter gekomen dat iedereen een grens heeft. "
It meast grutsk is Nauta op alle Fryske muzikanten dy't de kop boppe it meanfjild útstekke. "Maar eigenlijk op iedereen die actief is in de Friese muziekwereld, de muzikanten die zich hebben ontwikkeld, die mooie dingen hebben gemaakt. Dat geeft me de meeste voldoening."
Der wie opnij gjin publyk by de muzykjûn yn Neushoorn. De awardshow, presintearre troch Femke de Walle, waard dêrom online útstjoerd.
De Friese Popprijs wurdt sûnt 1996 útrikt. De lêste winners wienen 8501Indie (2020), Esther de Jong (2019), Joost (2018) en The Homesick (2017).
Singer-songwriter Faske út Sint-Jabik wûn de award foar grutste talint. Hy hat grutte plannen foar de kommende tiid. "Oer in wike bringe we in EP út op Spotify, dêrnei miskien ek noch op finyl. En we spylje ynkoarten op Noorderslag en wat lytsere festivals."

Publykspriis foar Stjer

De publykspriis gong nei Stjer, de film fan De Hûnekop en regisseur Janko Krist. "We falle fan de iene ferbazing yn de oare", fertelt sjonger en haadrolspiler Emiel Stoffers. "Wat begûn as in geintsje, is in hiele goede grap wurden."
Oft der ek in diel twa fan de film komt, kin Stoffers net sizze. "Dêr ha ik it antwurd noch net op. We soenen ûnnoazel wêze as we it net dwaan soenen, mar we moatte earst hjir noch even fan bykomme."

Priiswinners by de Friese Popawards

Kategory Winner
Friese Popprijs Sjouke Nauta
Talintaward Faske
Publykspriis Stjer
Bêste foto Arjen Nouta (Lakshmi yn Neushoorn)
Bêste fideoklip Nynke Laverman - Stoarm (makke troch Douwe Dijkstra)
Song fan it jier HAITZE - Sunshine
Ynterdissiplinêre produksje Pavel (Bente Hout en Jonathan Sipkema)