Fryske bioskoopfilm Stjer no ek online te sjen

Fanwegen de lockdown is besletten om de film online beskikber te stellen. Yn 'e ôfrûne moannen luts de Fryske bioskoopfilm hast 15.000 besikers.
In sêne út de film Stjer © Stjer Media
De film STJER fan de band De Hûnekop en regisseur Janko Krist is tongersdeitejûn yn online-premjêre gongen op in eigen streamingside. De film wie yn de bioskopen in súkses, it is yntusken de meast besochte Fryske film. Boppedat wie it de earste Fryske bioskoopfilm yn tweintich jier.

Bioskopen ticht

Fanwegen de coronamaatregels binne de bioskopen ticht, en moast wat oars betocht wurde. "Dêr hawwe wy op ynspile troch de film sa gau mooglik online te setten, sa't eltsenien him yn dizze krystfakânsje thús sjen kin", seit Emiel Stoffers.
Regisseur Janko Krist neamt it ien grut aventoer, want in film fia in eigen streamingsite beskikber stelle, dat bart hast noait, seit er. "We sjogge wol hoe't it rint."