Earste Fryske bioskoopfilm yn 20 jier yn premjêre: "Moaiste baan dy't ik hân ha"

De Fryske film Stjer is yn premjêre gongen yn Ljouwert. It is de earste Fryske bioskoopfilm yn 20 jier. De film fan De Hûnekop en programmamakker Janko Krist giet oer in searjemoardner dy't oan de rinnende bân Fryske artysten deamakket.
Omrop LEO Middelsé wie by de premjêre:
De Hûnekop-frontman Emiel Stoffers spilet himsels yn de film. "It wie de moaiste baan dy't ik oait hân ha", sei er op de reade loper op de Nijstêd yn Ljouwert. "It is moai om einliks wat sjen te litten oan minsken, we ha der oardel jier oan wurke."
De sjoggers moandeitejûn yn de bioskoop wienen benammen op útnûging kaam, bygelyks minsken dy't meiholpen ha oan de film. "We hienen graach noch mear minsken útnûgje wold, mar dat kin yn dizze tiid net."
No mar hoopje dat de minsken nei de film geane.
Stjer-regisseur Janko Krist
De film is makke mei sponsorjild en dat moat no werom fertsjinne wurde mei kaartferkeap. "Minsken moatte no kaartsjes keapje", seit regisseur Janko Krist. "We meitsje de hiele tiid filmkes, organisearje gekkichheden." Sa moat de film in soad oandacht krije yn de provinsje is it plan.
"We ha no dus in premjêre yn Ljouwert, mar de kommende tiid ek yn Drachten, Snits, It Hearrenfean en Frjentsjer. Oeral sokke eveneminten, prate mei minsken, bier drinke. No mar hoopje dat de minsken nei de film geane."
De kommende wiken draait Stjer op ferskate plakken yn Fryslân ek yn de Pathé-bioskoop yn Grins.
Sjoch hjir nei de trailer fan Stjer: