Nije podcastrige mei Fryske literatuer by Omrop Fryslân: 'Boekekast'

Omrop Fryslân en Boeken fan Fryslân lansearje tongersdei, op de dei fan de memmetaal, de nije podcastrige 'Boekekast'. Spesjaal foar leafhawwers fan Fryske ferhalen. Alle wiken komt op snein in nij literêr ferhaal online.
© Omrop Fryslân
Yn Boekekast wurdt alle wiken in oar Frysk ferhaal as podcast brocht. It giet om ferhalen fan Fryske skriuwers of fragminten út aktuele romans. Ferhalen dy't yn Boekekast foarby komme binne ûnder oare 'De Achttjin' fan de Gysbert Japicxpriiswinnende Aggie van der Meer, 'De trekker fan Troje' fan Hein Jaap Hilarides en 'Wurk' fan Elske Schotanus. Snein 29 septimber wurdt úteinset mei 'Parallaks' fan Janneke Spoelstra.
De twa partijen, Omrop Fryslân en Boeken fan Fryslân, wolle hjirmei de Fryske literatuer ris op in oare wize ûnder de oandacht te bringen.

"Friezen ûntdekke de podcast"

De kar om sûnt dit jier mear yn te setten op podcasts by Omrop Fryslân is in bewuste, fertelt einredakteur Douwe Boersma: "Hieltyd mear Friezen ûntdekke de podcast. It is in prachtich medium om djipper op de saken yn te gean en ús kennis of dy fan oaren te dielen, lykas sport yn de Sportcast of it waar yn de Pietcast. Mar ek foar projekten lykas Boekekast, dat we op radio net samar kwyt kinne. En sa binne der noch tal fan ideeën foar nije podcasts."
Hieltyd mear Friezen ûntdekke de podcast, dêrom wreidet Omrop Fryslân it podcast-oanbod fierder út. Earder binne de SportCast en de PietCast al fan start gien. Alle podcasts fan Omrop Fryslân binne te finen op Omropfryslan.nl/podcast.