Podcasts

Sportcast

Yn de Sportcast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele.

Ooh wat in klapper!

Yn de wiken fan it SKS-skûtsjesilen praten Arjen de Boer en Geartsje de Vries alle dagen oer de wedstriden, no hâlde se dy bûten it seizoen ek alle moannen op de hichte. 

Nijsmakkers

Presintator Roelof de Vries besprekt op in tagonklike en ferassende wize mei trije kollega-freonen, Arjen Bosselaar, Janko Krist en Sybrand Grasdijk, it nijs fan de wike. Foar wa’t graach op ’e hichte bliuwe wol fan it Fryske nijs, mar net sit te wachtsjen op swiere analyses of lange diskusjes.

Oars buorkje is de takomst

De lânbousektor leit al jierren ûnder in fergrutglês. It moat oars, mar hoe? Yn dizze rige podcasts siket sjoernalist Gerrit de Boer út oft regenerative lânbou it antwurd wêze kin op dizze fraach.

It Knottekistje

It Knottekistje is in seisdielige rige wêryn’t Friezen iepenhertich fertelle oer de leafde fan harren libben. Alle wiken stiet ien persoanlik ferhaal sintraal: fan oandwaanlike moetingen oant ûnferwachte draaien. It Knottekistje is in gearwurkingsprojekt fan Omrop Fryslân, Leen een Fries en Fries Museum op Paad.

Sicco, de verdwenen marechaussee 

Op moandei 9 juny komt Sicco Cuperus net op syn wurk by de maresjaussee yn Harns. No tsien jier letter komme sjoernalisten Margriet Brandsma en Geartsje de Vries mei in podcast, yn gearwurking mei âld-resjersjeur Henk Dillerop, oer syn ferdwining.

De Heks van Anjum

De podcast is in ferfolch op it boek 'De Heks van Anjum' dy't Margriet Brandsma skreaun hat oer de pensjonmoarden yn Eanjum. Yn dizze true crime-podcast praat Margriet mei minksen dy't reagearje op har boek. Dat liedt wer ta nije befiningen oer de moardsaak en ta fernuvering oer de wize wêrop’t plysje en justysje te wurk gien binne.

It simmerpetear

Yn It simmerpetear gean we tsien kear yn petear mei in min of mear bekende Fries om oer syn of har libben te praten. We prate ôf op in plak dêr't in oantinken leit. We krije de hiele libbensrin te hearren en gean ek de djipte yn. 

It Sulv'ren Wetter

Muzykekspert Beart Oosterhaven en programmamakker Willem de Vries meitsje in muzikale reis troch 450 jier klassike muzyk út Fryslân. Yn de podcast It Sulv'ren Wetter fertelt Oosterhaven, in rinnende ensyklopedy op it mêd fan Fryske muzyk, oer de skiednis, komponisten en de ferhalen achter de muzyk. 

Fan binnenút

De natuer spilet in grutte rol yn de foarstelling Under Wetter fan Tryater. Nei oanlieding fan it programma 'Fan binnenút, meisjen by Tryater' makke Miranda Werkman in oanfoljende podcast. Want hoe realistysk is it dat aanst alles ûnder wetter komt?

Noardewyn

Noardewyn is it muzikale doarpsplein fan Fryslân, jong as âld, begjinnend as ûnderfinend, elkenien is wolkom syn muzikaliteit te presintearjen. Yn dizze podcast lange petearen, nijsgjirrige searjes en moaie muzykdoku's.

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt dy gemoedlik mei de djipte yn.

Buro de Vries - Nijsfoarum

Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaaasje. De ûnderwerpen dêr't oer praten wurdt kinne ynternasjonaal, landelik of provinsjaal spylje. 

FryslânDOK

Ferhalen dy't derta dogge, dy't oansette ta neitinken én ferbinings lizze tusken minsken yn en bûten Fryslân.

Boekekast

Boekekast fan 2022 slút oan by it projekt Útsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of Literature. Dat binne 100 ferhalen, foarlêzen yn 100 paradyslike tunen yn Fryslân. Boekekast bringt acht ferhalen as podcast, mei dêrby in ynterview fan Karen Bies mei de skriuwer.

Smokkelbern

Smokkelbern fertelt de ferhalen fan Joadske ûnderdûkersbern yn Fryslân. Hoe hawwe se dy oarlochsjierren by in Fryske famylje belibbe? En hoe gie it letter mei se?

Sterke Yerke III In oseaan fan dreamen

Yn 1979 stekke fjouwer jongkeardels út Fryslân mei in selsmakke flot de oseaan oer. It wurdt wrâldnijs: de tocht wurdt op de foet folge troch de nasjonale en ynternasjonale parse.

Duizend Dagen

De podcast ‘Duizend Dagen’ is it ferhaal fan it tsjerke-asyl fan De Rottefalle en de krêft fan in mienskip.

Bonkerak

Spannende, horrorachtige folksferhalen foar bern én folwoeksenen. Bonkerak is in rige fan tweintich folksferhalen út Fryslân of dêrbûten dy't bewurke binne ta harkspullen.