Sterke Yerke III In oseaan fan dreamen

Yn 1979 stekke fjouwer jongkeardels út Fryslân mei in selsmakke flot de oseaan oer. It wurdt wrâldnijs: de tocht wurdt op de foet folge troch de nasjonale en ynternasjonale parse. De fjouwer avonturiers, Frits Riemersma, Leo van der Ploeg, Guus Schweigmann en Chris Schweigmann sille altyd ferbûn wurde oan de Sterke Yerke, de namme fan it flot. De kammeraten nimme in kassettedek mei en pakke geregeld de mikrofoan om te beskriuwen wat se meimeitsje. Thús yn Ljouwert nimt technikus Meindert van der Meulen alles op wat der mar oer de Sterke Yerke yn de media ferskynt: ynterviews yn aktualiteiteprogramma's op radio en telefyzje, nijsberjochten fan it ANP en ek telefoanpetearen dy't fierd wurde mei de manlju fia Radio Scheveningen. Oan de hân fan dizze orizjinele audio makke programmamakker Geartsje de Vries fan Omrop Fryslân in rekonstruksje fan de legindaryske reis fan de Sterke Yerke III nei Kurasao.

Harkje hjir nei de podcast Sterke Yerke III of doch dat fia dyn favorite podcast-app: